Geoffrey Hughes (Wallasey (Merseyside), Isle of Wight, 2 febrewaris 1944 - 27 july 2012) wie in Ingelsk akteur dy't meast byrollen spile. Hy is yn Belgje en Nederlân benammen ferneamd fan syn rol fan Onslow yn de Britske rige "Keeping Up Appearances", troch de TROS en de Flaamske stjoerder Eén útsjoerd ûnder de namme Schone Schijn.

Wurkpaad Hughes syn karriêre begûn by it Victoria Theatre yn Stoke On Trent. Dêrnei ferskynde er yn ferskate West End-produksjes. Yn 1967 debutearre Hughes mei in rol fan boufakker yn de filmcomedy Smashing Time. Neist de al neamde rollen hie er doe ek al in protte gastrollen yn telefyzjerigen (û.o. Z Cars, Dad's Army, Up Pompeii en Doctor Who) en films (Tiffany Jones, Adolf Hitler - My Part in His Downfall en Nijinsky).

Hy die mei yn koartrinnende searjes sa as The Bright Side (1985) en Making Out (1989-1991).

Yn de comedyrige The Royle Family wie er in stikmannich kearen te sjen as Twiggy. 2006 hie er in rol yn de musical Peter Pan.

Ek spile er tusken 2001 en 2007 de rol fan de eksintike Vernon Scripps yn komyske dramarige Heartbeat dy't útstjoerd waard op één en SBS 6. Hughes spile fierders de rol fan Eddie Yeats yn Coronation Street (1974-1983, 1987) en die de stim fan Paul McCartney yn de tekenfilm Yellow Submarine (1968) fan The Beatles ûnder de namme Geoff Hughes.

Persoanlik libben Yn syn frije tiid mocht Hughes graach golf en cricket spylje, sile er en harke er nei muzyk. Teffens hie er niget oan bier en beammen. Hy wenne it lêst yn Northamptonshire, Ingelân. Hy stoar yn de âldens fan 68 jier oan de gefolgen fan prostaatkanker.

Filmografy Skins Telefyzjerige (tenei tv-rige) - Omke Keith (Ofl., Cook, 2009|Freddie, 2009) Skins Tv-rige - Bandy (Ofl., Tony and Maxxie, 2008) Flick (2008) - Tony Ray Liverpool Nativity (Tv-film, 2007) - Gabriel Expresso (film) (2007) - De oannimmer (Normale kofje) Casualty Tv-rige - Si Blake (Ofl., Brass in Pocket, 2007) Heartbeat tv-rige - Vernon Scripps (88 ôfl., 2001-2007) Skins Tv-rige - Fat Bastard (Ofl., Chris, 2007) The Royle Family telefyzjerige - Twiggy (8 ôfl., 1998-2000, 2006) Polterguests televisieserie - Hopalong Hughes (Ofl., Lumbered in Limbo, 1999) The Memoirs of Hyacinth Bucket (telefyzjefilm, 1997) - Onslow Keeping Up Appereances tv-rige - Onslow (43 ôfl., 1990-1995) The Smiths (telefyzjefilm, 1995) - Dooley The Upper Hand tv-rige - Ray (Ofl., Misery, 1993) Boon tv-rige - Tiny Tim (Ofl., Message in a Bottle, 1992) Making Out tv-rige - Dilk (Episoade 3.6, 1991) Spender tv-rige - Kenny Coates (Ofl., Tough, 1991) You Rang, M'Lord? tv-rige - Fred Kendall (Ofl., Royal Flush, 1990) The Man from the Pru (telefyzjefilm, 1990) - Det.Sgt. Baily I, Lovett tv-rige - Dirk (1989) Doctor Who tv-rige - Mr. Popplewick (Ofl., The Trial of a Time Lord: Part 13 & 14, 1986) The Bright Side tv-rige - Mr. Lithgow (6 ôfl., 1985) Coronation Street tv-rige - Eddie Yeats (45 afl., 1975-1983) Nijinsky (1980) - Gavrilov Mr. Big Tv-rige - Plysje (Ofl., The Bank Job, 1977) Cilla's World of Comedy tv-rige - Roger Fulwood (Afl., Sisters, 1976) Confessions of a Driving Instructor (1976) - Post Crown Court tv-rige - Robert Sims (Ofl., Winklers, 1974) No, Honestly (1974) - Derek (Ofl., The Object of the Game, 1974) Z Cars tv-rige - Mickey (Ofl., Night Train, 1974) Z Cars tv-rige - Bartram (Ofl., Escape, 1973) Tiffany Jones (1973) - Georg Dad's Army tv-rige - Korporaal op de brêge (Ofl., Brain Versus Brawn, 1972) Thirty-Minute Theatre tv-rige - Chuck (Ofl., An Arrow for Little Audrey, 1972)Adolf Hitler - My Part in His Downfall (1972) - LarryCarry on at Your Convenience (1971) - WillieThe Pigeon Fancier (telefyzjefilm, 1971) - DerekPlay for Today tv-rige - Derek (Ofl., The Pigeon Fancier, 1971)Shadows of Fear tv-rige - Terry (Ofl., The Lesser of the Two, 1971)Revenge (1971) - Bestjoerder yn tsjinst fan brouwerijBlood on Satan's Claw (1971) - Drinkende doarpsbewenner (Net op ôftiteling)Up Pompeii tv-rige - Piteous (Ofl., Vestal Virgins, 1970)Z Cars tv-rige - Wynne (Ofl., Bottoms Up for the Walking Dead: Part 1 & 2, 1970)Wicked Women Tv-rige - Oannimmer (Ofl., Madeleine Jury, 1970)The Wednesday Play tv-rige - Flash Blakey (Ofl., The Hunting of Lionel Crane, 1970)Randall & Hopkirk (Deceased) tv-rige - Harper (Afl., Somebody Just Walked Over My Grave, 1970)Curry & Chips tv-rige - Dick (6 ôfl., 1969)The Virgin Soldiers (1969) - LantryTill Death Us Do Part (1969) - Mike syn broerYellow Submarine (1968) - Paul (stim)Z Cars tv-rige - Billy Garvin (Ofl., A Hobby, You Might Say: Part 1, 1968)The Bofors Gun (1968) - Soldaat Samuel (kok)Smashing Time (1967) - OannimmerCity 68 Tv-rige - Gill (Ofl., The Shooting War, 1967)Sorry I'm Single tv-rige - Gerald (Ofl., The Flute'', 1967)

Keppelings om utens Geoffrey Hughes yn de IMDB "Expresso"

Kategory:Ingelsk toanielakteur Kategory:Ingelsk telefyzje-akteur Kategory:Ingelsk filmakteur Kategory:Ingelsk stimakteur Kategory:Persoan berne yn 1944 Kategory:Persoan stoarn yn 2012