De Lilla Marras, Rêdingboat yn Harns of Lilla Marras Douglas & Will is in eardere rêdingsboat dy't Harns as thúshaven hat.

Skiednis De Lilla Marras tsjinne fan 1955-1979 noch as rêdinboat foar de kust fan Ingelân (en wie yn Ingelske hannen). Yn dy jierren wie de boat belutsen by 105 rêdingsaksjes en rêde sy 45 minsken. In leafhawwer fan rêdingsboaten helle har nei Nederlân en nei de haven fan Harns.

It skip freget in soad op it mêd fan ûnderhâld en seemanskip. Tusken 2000 en 2001 is it skip folslein restaurearre en tarist op toerisme, der kin sadwaande op oernachte wurde. Ek kin der in privee-kaptein besteld wurde en in fartocht fan twa oeren mei organisearre wurde.

Algemiene feiten Oarspronklike namme: Lilla Marras Douglas & Will Namme no: Lilla Marras Type: Watson Class Midship Steering & Aft Cabin Werf: Groves & Guttridge Ltd, East Cowes Boujier: 1955 Restauraasje: 2000-2001 Restaurateur: Willem Koornstra / Harns Langte x breedte: 46’9" x 12’9" Motoren: Twa Thornycroft 360 MkII fan elk 70 hk (SHP)

Keppeling om utens webside fan de Lilla Marras, rêdingboat yn Harns

Kategory:Keninklike Nederlânske Rêding Maatskippij Kategory:Harns Kategory:Nederlânske rêdingsboat Kategory:Plezierjacht Kategory:Skip út 1955