thumb|250px|De Martijn Koenraad Hof en de Alida fan de KNRM yn Hylpen De Antje is in saneamd type RIB-rêdingboat fan de Keninklike Nederlânske Rêding Maatskippij (KNRM). De Antje-klasse is ûntwurpen om fan it strân ôf yn see brocht te wurden; it type krige lykwols te krijen mei in soad technyske mankeminten. Dêrom gie de fierdere ûntjouwing fan it type net troch. De trije boaten dy't al oanskaft wienen waarden yn brûklien jûn oan susterorganisaasjes op de Nederlânske Antillen, mar fanwege min ûnderhâld dêre binne twa weromhelle troch de KNRM: de Martijn Koenraad Hof en de Jacoba Elisabeth. De earstneamde is wilens wer taheakke oan de reservefloat fan de KNRM, de Jacoba Elisabeth is ferkocht oan it MRI yn Stonehaven.
Spesifikaasjes Langte9,1 meter Breedte3,24 meter Djipgong0,5 meter Fermogen2 * 230 hk Faasje36 knopen Rêdenenkapasiteit20 Bemanning3
Boaten yn de rige NammeThúshavenJier yn tsjinst Antjeyn brûklien oan CITRO1995 Martijn Koenraad Hofferkocht oan partikulier1995 Jacoba Elisabethferkocht oan MRI1997
Kategory:Keninklike Nederlânske Rêding Maatskippij Kategory:Rêdingsboat