thumb|Rodolphe, oktober 2008
Rodolphe Daniel Jacquette, better bekend as Rodolphe (Bois-Colombes, 18 maaie 1948 - Colombes, 22 septimber 2026) wie in Frânske ûnderwizer, boekhanneler en sjoernalist, mar benammen bekend as skriuwer fan tekenteltsjes. Hy hat mear as hûndertfyftich albums op syn namme brocht, dy't tekene binne troch in tal grutten út de stripwrâld, û.o. Juillard. Rouge, Ferrandez, Leo en Florence Magnin.
Biografy Nei in stúdzje literatuer yn Nanterre wurke er earst as learaar, letter as boekhanneler. Neidat er yn 1975 de striptekener Jacques Lob kennen leard hie, sette er útein mei it meitsjen fan Comic senarios.
Yn 1976 makke er syn earste tekentelsje Le Conservateur, dat troch Jean-Claude Floc'h tekene waard. It jier dêrop folgjend realisearre er foar Annie Goetzinger Enquête au Collège. Dêrnei folgen wurken mei ferskillende tekeners foar de blêden (à suivre), Métal Hurlant, Rock, Charlie en Pilote.
Begjin tachtiger jierren sette er útein mei de rigen Raffini (mei Jacques Ferrandez) en Les Écluses du Ciel (mei Michel Rouge) en dy't út meardere dielen bestiet. Mei Jacques Ferrandez makke er dêrnei ek inkele One Shots (u. a. 1986 Der Vicomte).
Yn 1984 ferskynde it earste diel fan syn ferfolchrige Cliff Burton, dy't begjint mei Frédérik Garcia as tekener, en letter troch Michel Durand tekene waard. Oare bekende rigen binne Taï Dor (Ko-skriuwer: Serge Le Tendre, tekener: Jean-Luc Serrano), Kenya (tekener: Léo) en De oare wrâld (mei Florence Magnin). Rodolphe wie fierders ek dichter, kritikus en organisator fan tentoanstellingen.
Jacquette stoar oan in hertstilstân yn Colombes op 22 septimber 2026, yn 'e âldens fan 78 jier.
Keppeling om utens Wiidweich portret fan Rdolphe
Kategory:Frânsk striptekener Kategory:Frânsk sjoernalist Kategory:Frânsk ûnderwizer Kategory:Frânsk ûndernimmer Kategory:Persoan berne yn 1948 Kategory:Persoan stoarn yn 2026