thumb|200px|Motörhead, life yn Rome 2007 De Motörhead wie fan 1975 oant 2015 in heavymetalband út Londen. De band waard yn 1975 oprjochte troch Lemmy Kilmister (1945–2015), earder bassist fan Hawkwind en roadie fan Jimi Hendrix. De muzyk fan Motörhead hat de muzyk fan oare bands beynfloede, lykas dy fan Alice In Chains, Metallica, The Sisters of Mercy, Queens of the Stone Age en Killing Joke. Har' bekendste nûmers binne Ace of Spades en Orgasmatron. Ace of Spades is ûnder oare covere troch Peter Pan Speedrock en Blood For Blood. Orgasmatron is covere troch Sepultura.
Skiednis Motörhead ûntsie neidat bassist Lemmy yn de maaitiid fan 1975 út de band Hawkwind set waard fanwegen tsjinoerstelde opfettingen oer drugsgebrûk, (Lemmy brûkte amfetamine, de oare bandleden lsd), en yn Ingelân foarme hy in nije band. Hja hiene it plan om de band "Bastard" te neamen, mar úteinlik waard it "Motörhead", nei it lêste nûmer dat Kilmister skreaun hie foar Hawkwind. Motörhead is slang foar in amfetaminebrûker. De umlaut op de twadde O hat gjin ynfloed op de útspraak. Lemmy hat ris sein dat de umlaut op de lêste "O" stiet om de namme der "Dútsk" (en dus gemiener) út sjen te litten.
De earste besetting fan Motörhead bestie út Lemmy, Larry Wallis, de eardere gitarist fan de Pink Fairies, en drummer Lucas Fox. In july 1975 hiene hja harren earste optreden, en letter dat jier namen se har earste album op. Wilens de opnames fan it album ferliet drummer Fox de band. Hy waard ferfongen troch Phil Taylor. Dit album waard lykwols net troch de platemaatskippij útbrocht, mar doe’t Motörhead in pear jier letter sukses krige, waard it album "On Parole" dochs noch útbrocht. frij fluch dêr nei waard der in nije gitarist oannaam, Eddie Clarke. Wêrnei Wallis út de band stapte. Dizze formaasje, besteande út Lemmy, Phil en Eddie Clarke, wurdt sjoen as de klassike Motörhead besetting.
Yn 1977 kaam it earste offisjele album út, "Motörhead". It album sloech oan, by sawol it metal- as it punkpublyk. De twa opfolgjende albums, "Overkill" en "Bomber" waarden ek in sukses.
Yn 1980 waardt it album "Ace of Spades" útbrocht. It album berikte de top-tsien fan de Britske hitlisten en de single mei deselde namme waard ien fan de grutste hits fan Motörhead. In jier letter brocht de band syn earste live-album "No Sleep 'Til Hammersmith" út.
Nei in rûzje mei Kimister yn 1982 stapte Clarke út de band. De reden fan de rûzje soe in gearwurking tusken Motörhead en Wendy O. Williams, de sjongeres fan the Plasmatics, wêze. Dizze gearwurking brocht in cover fan Tammy Wynette har "Stand by your man" foar. Clarke waard ferfongen troch Brian Robertson, earder gitarist fan Thin Lizzy. Robertson bleau ien album ("Another Perfect Day") lang en waard yn 1984 ferfongen troch twa gitaristen, Michael Burston en Phil Campbell earder gitarist fan Persian Risk. Drummer Taylor ferliet de band en waard ferfongen troch Pete Gill. yn 1987 kaam Taylor tydlik wer werom by de band, om yn 1992 te wurden ferfongen troch Mikkey Dee. Nei it fertrek fan gitarist Burston yn 1996 wie Motörhead wer in trijemans formaasje en hja brochten elke twa jier in nij studio-album út.
Yn 2015 ferstoar oprjochter fan de band Lemmy Kilmister yn de âlderdom fan 70 jier oan de gefolgen fan kanker; dy sykte wie twa dagen foar syn dea fêststeld, it betsjutte it ein fan Motörhead.
Besetting
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Motörhead21 augustus 1977ChiswickMotorheadOverkill24 maart 1979BronzeOverkill,No Class,Louie LouieBomber27 oktober 1979BomberOn Parole8 desimber1979United ArtistAce of Spades 8 novimber 1980BronzeAce of SpadesIron Fist17 april 1982Iron Fist,Go to HellAnother Perfect Day4 juny 1983I Got Mine,ShineOrgasmatron9 augustus 1986GWRDeaf ForeverRock 'n' Roll5 septimber 1987Eat the Rich,Rock 'n' Roll191621 jannewaris 1991EpicThe One to Sing the BluesMarch ör Die14 augustus 1992HellraiserBastards29 novimber 1993 ZYXDon't Let Daddy Kiss Me,Born to Raise HellSacrifice11 july 1995SteamhammerOvernight Sensation15 oktober 1996Snake Bite Love10 maart 1998We Are Motörhead16 maaie 2000God Save the Queen (Sex Pistols cover),We Are MotörheadHammered9 april 2002Inferno22 juny 2004Kiss of Death29 augustus 2006Motörizer26 augustus 2008The Wörld Is Yours14 desimber 2011UDRGet Back in LineAftershock21 oktober 2013Crying ShameBad Magic28 augustus 2015
Live-albums Album Utbrocht op Label No Sleep 'til Hammersmith 27 juny 1981 BronzeWhat's Words Worth? 5 maart 1983 Big Beat Nö Sleep at All 15 oktober 1988 GWRBlitzkrieg on Birmingham '771989ReceiverLock Up Your Daughters 19781990Live at Brixton '8712 april 1994RoadrunnerEverything Louder than Everyone Else9 maart 1999Sanctuary25 & Alive: Live at Brixton Academy9 desimber 2003SteamhammerBBC Live & In-Session20 septimber 2005SanctuaryBetter Motörhead than Dead: Live at Hammersmith16 july 2007SteamhammerThe Wörld Is Ours - Vol. 1: Everywhere Further Than Everyplace Else22 novimber 2011UDRThe Wörld Is Ours – Vol. 2: Anyplace Crazy as Anywhere Else2 oktober 2012Clean Your Clock10 juny 2016Louder Than Noise... Live in Berlin23 april 2021Silver Lining Music
Kompilaasje-albums Album Utbrocht op No Remorse 15 septimber 1984Anthology1986Welcome to the Bear Trap1990Meltdown1991All the Aces1993The Best of Motörhead6 july 1993Protect the Innocent25 augustus 1997Deaf Forever: The Best of Motörhead8 augustus 2000The Best Of26 augustus 2000Over the Top: The Rarities26 septimber 2000Tear Ya Down: The Rarities7 maaie 2002Hellraiser: Best of the Epic Years17 maart 2003The Essential Motörhead2007You'll Get Yours: The Best of Motörhead4 oktober 2010Under Cöver2017
Boeken Titel Utbrocht op Skriuwer Lemmy, White Line Fever2002Lemmy Kilmister Janiss Garza Lemmy, In His Own Words 2002Harry Shaw
Films Eat the Rich (1987) Lemmy (2011)
Grammy Awards 2005 Best Metal Performance (Whiplash'')
Kategory:Ingelske hardrockband Kategory:Ingelske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1975 Kategory:Band opheft yn 2015