Krysteilân (Ingelsk: Christmas Island) is in tropysk eilân yn 'e noardeastlike Yndyske Oseaan, 350 km besuden it Yndonezyske haadeilân Java. It foarmet in ekstern territoarium fan Austraalje. It gebiet, mei in oerflak fan 135 km², hat in tige beheinde foarm fan selsbestjoer. It haadplak is Flying Fish Cove, dat ek wol bekend stiet as The Settlement ("De Delsetting"). Neffens gegevens út 2011 hie it eilân doe in befolking fan krapoan 2.100 minsken, foar it meastepart etnyske Sinezen. Krysteilân bestiet foar 65% út it Nasjonaal Park Krysteilân, in beskerme natoergebiet. It eilân stiet benammen bekend om 'e massale jierlikse migraasje fan 'e reade krabbe, dy't fêstlein is yn withoefolle natoerdokumintêres.
Etymology Krysteilân kaam oan syn namme om't it ûntdutsen waard op Earste Krystdei 1643, doe't kaptein William Mynors op it skip de Royal Mary, fan 'e Ingelske East-Ynje Kompanjy, der by lâns sylde. thumb|left|250px|Lânkaart fan Krysteilân.
Geografy Krysteilân hat in oerflak fan 135 km², en bestiet frijwol hielendal út lân, mei in te ferwaarleazgjen bytsje wetteroerflak. It is likernôch 19 km lang fan east nei west, en sa'n 14½ km breed fan noard nei súd. De kustline is 138,9 km lang. It eilân leit op 10°30′ suderbreedte by 105°40′ easterlingte, yn it noardeastlike part fan 'e Yndyske Oseaan, likernôch 350 km súdwestlik fan it Yndonezyske haadeilân Java en 1.560 km noardwestlik fan it neiste punt fan 'e kust fan Austraalje. Krysteilân wurdt foarme troch de platte top fan in ûnderseeske berch fan mear as 4.500 m heech, en stekt op it heechst punt, Murray Hill, 361 m boppe de seespegel út. De berch wie oarspronklik in fulkaan, en hjir en dêr kin men noch stjurringsstientme yn de foarm fan basalt oan it ierdoerflak sjen. Foar it meastepart is dat lykwols oerdutsen troch kalkstien, feroarsake troch koraalôfsettings yn tiden dat de seespegel in stik heger wie frijwol it hiele eilân derûnder strûpte. It smelle rif, dat it eilân omjout, kin in gefaar foar de skipfeart opsmite.
Floara en fauna Krysteilân wurdt foar in grut part begroeid mei tropysk reinwâld, en hat 42 ûnderskate grotten en in grut tal swietwetterboarnen. The Dales is in tropysk reinwâld dat it westlike part fan it eilân beslacht; it bestiet út sân steile dellingen, yn it eilân útsnien troch de beekjes dy't fan 'e boarnen nei de see streame. Oant de ein fan 'e njoggentjinde iuw wie Krysteilân ûnbewenne, sadat der in grut tal soarten evoluëarje koene sûnder minsklik yngripen. Yn it reinwâld komme 25 soarten beammen foar en fierders rintfearren, orgideeën en lianen. Al mei al binne der 135 ferskillende plantesoarten ûnderskaat, wêrfan't 18 nearne oars op 'e wrâld foarkomme.
Twa soarten fan lânseigen rotten, de maclearrôt en de buldochrôt, binne útstoarn sûnt Krysteilân kolonisearre is troch de minske. De lânseigen Krysteilânske pipermûs is sûnt de midden fan 'e jierren tachtich net mear waarnommen en soe skoan krektlyk útstoarn wêze kinne, wylst de tastân fan 'e Krysteilânske dwerchflearmûs op syn bêsten krityk is. It eilân stiet lykwols fral bekend om syn krabben. De ûnderskate soarten lânkrabben binne njonken de seefûgels dan ek de opfallendste dierlike bewenners. Op it mêd fan 'e seefûgels libje der op it eilân fiif soarten dy't nearne oars foarkomme, dêropta fiif lânseigen ûndersoarten en mear as 1% fan 'e wrâldpopulaasjes fan noch fiif oare, algemiener foarkommende soarten. De meast sjoene seefûgelsoarten op it eilân binne de readpoatgint, de brune gint en de grutte fregatfûgel.
Fierders binne der trettjin soarten lânkrabben en sân soarten yntertidale krabben (mei in amfibyske libbenswize). De opfallendste lânkrabben binne de út 'e kluten woeksen swarte kokosnutekrabbe en de Krysteilânske reade krabbe, dy't elts jier om novimber hinne in massale migraasje fan sa'n 100 miljoen eksimplaren docht. Dêrby tsjogge de bisten út it reinwâld wei, troch de troch minsken bewenne dielen fan it eilân nei de kust ta, om har dêr fuort te plantsjen en har aaikes yn 'e see ôf te setten (in riskante oangelegenheid, want de folwoeksen eksimplaren kinne net swimme, dat se ferdrinke as se troch de weagen yn see spield wurde).
Skiednis Iere ferkenningen Op Earste Krystdei 1643 waard Krysteilân, dat oan dy datum syn namme tanket, foar it earst waarnommen troch in Jeropeaan, nammentlik troch kaptein William Mynors op 'e Ingelske East-Ynjefarder de Royal Mary. De Ingelske ûntdekkingsreizger William Dampier fierde yn 1688 de ierst bekende lâning 'e kust fan it eilân út, en ûntdiek dat it ûnbewenne wie.
Yn 1857 waard troch de bemanning fan it skip de Amethyst foar it earst besocht om it binnenlân fan it eilân te ferkennen. Se woene de top fan Murray Hill beklimme, mar koene net by de steile kliffen op komme. Under syn ekspedysje nei Nederlânsk-Ynje, fan 1872-1876, fierde de oseanograaf John Murray wiidweidige ûndersiken op it eilân út. It ankerplak by it haadplak Flying Fish Cove waard 1887 ûntdutsen troch kaptein John Maclear, fan it skip de Flying Fish. Hy gie mei in groepke bemanningsleden oan lân en naam in lytse, mar ynteressante kolleksje floara en fauna mei werom. It jiers dêrop waard Krysteilân besocht troch de naturalist Joseph Jackson Lister, dy't der tsien dagen tahold en in grutter ferskaat oan biologyske en minerale meunsters sammele. Doe't dêrút neitiid bliken die dat de kalkstien ryk oan fosfaat wie, late dat op 6 juny 1888 ta de anneksaasje fan it eilân troch de Britske Kroan.
Kolonisaasje Koarte tiid letter waard der op it eilân in lytse Britske delsetting fêstige dy't fan Flying Fish Cove kaam te hjitten. It plak waard stifte troch George Clunies-Ross, de "kening" fan 'e Kokoseilannen, dy't 900 km nei it súdwesten ta lizze, mei as doel om timmerhout en oare foarrieden te finen foar de groeiende yndustry op 'e Kokoseilannen. Yn 'e 1890-er jierren setten de Britten op Krysteilân útein mei de fosfaatmynbou, wêrby't gebrûk makke waard fan kontraktarbeiders út Singapoer, Malakka en Sina wei. It tafersjoch oer de operaasje waard taskood oan 'e meganysk yngenieur John Davis Murray, dy't oant 1910, doe't weromkearde nei Londen om in gesin te stiftsjen, bekend stie as de "kening fan Krysteilân". Bestjoerlik foel it eilân yn 't earstoan ûnder de saneamde Strjittedelsettings (d.w.s. de feriene Britske koloanjes yn 'e Strjitte fan Malakka), en letter ûnder de kroankoloanje Singapoer.
Twadde Wrâldoarloch Under de Twadde Wrâldoarloch waard Krysteilân in doelwyt fan de Japanners, dy't it foarsjoen hiene op 'e fosfaatfoarrieden. Nei't de Noarske keapfarder de Eidsvold ein jannewaris 1942 foar de Krysteilânske kust ta sinken brocht wie troch in Japanske dûkboat, waarden de Jeropeänen en alle Aziatyske ynwenners dy't net strikt needsaaklik wiene foar de fosfaatmynbou evakuëarre nei it Australyske Perth. Nei in Japansk bombardemint fanôf see waard begjin maart troch it garnizoen de wite flagge hyst, mar nei't de Japanske skippen dêr genoegen mei nommen hiene en fuortfearn wiene, waard op 'e nij de Britske Union Jack hyst. Neitiid fûn der in rebûlje plak ûnder de Britsk-Yndyske troepen fan it garnizoen, wêrby't fiif Britske soldaten omkamen en de oare Britten finzen set waarden. Op 31 maart folge der in Japansk loftbombardemint, wêrnei't de lieders fan 'e rebûlje it eilân oerjoegen oan 'e nij arrivearre Japanske marineskippen.
Nei't de Japanners Krysteilân beset hiene, waarden de arbeiders, dy't ûnder it bombardemint de dzjungel ynflechte wiene, byinoar dreaun, en waard de mei opsetsin ûnklear makke masinery reparearre. Isolearre dieden fan sabotaazje en it ta sinken bringen fan ít frachtskip de Nissei Maru troch in Britske dûkboat, lyk foar de werf, op 17 novimber 1942, soargen der lykwols foar dat de Japanners de fosfaatfoarrieden mar kwealk eksploitearje koene. Yn novimber 1943 waard 60% fan 'e oerbleaune befolking fan it eilân nei Java ta deportearre, dêr't se yn in kamp by Soerabaja finzen set waarden. Dêrnei wiene der noch krapoan 500 Sinezen en Maleiers en in garnizoen besteande út 15 Japanske soldaten op it eilân oer. Krysteilân waard úteinlik yn oktober 1945 befrijd de Britten. Nei ôfrin fan 'e oarloch kearde it grutste part fan 'e befolking werom nei Krysteilân. Sân fan 'e Britsk-Yndyske soldaten dy't de rebûlje laat hiene, waarden foar de Britske kriichsrie yn Singapoer sleept, en fiif fan harren waard de deastraf oplein. Nei't lykwols de doe krekt ûnôfhinklik wurden steaten Yndia en Pakistan tuskenbeiden kommen wiene, waarden de straffen omset yn libbenslang.
By Austraalje Yn 1957 waard Krysteilân op Australysk fersyk bestjoerlik losmakke fan Singapoer, om dêrnei troch de Britten oan Austraalje oerdroegen te wurden. Dêrta betelle Austraalje oan 'e doetiidske Britske koloanje Singapoer in bedrach fan £2,9 miljoen, dat basearre wie op 'e skatte wearde fan 'e fosfaatfoarrieden op it eilân. Yn 2004 hie it frij heech leine Krysteilân net in soad lêst fan 'e tsûnamy fan Twadde Krystdei, mar guon swimmers waarden bêst kjel doe't se foarôfgeande oan 'e floedweach sa'n 150 m de see ynsûgd waarden foar't se mei de eigentlik tsûnamy wer it strân opspielden.
Asylsikersproblematyk Fan 'e ein fan de jierren tachtich ôf ûnderfynt Krysteilân swierrichheden trochdat it fanwegen syn lizzing, deunby Yndoneezje, in favoryt doel is fan minskesmokkelders en asylsikers. Dat is in serieus probleem, mei't it eilân de grutte stream flechtlingen net oan kin en de kwetsbere natoer derûnder te lijen hat. Ofsjoen dêrfan fiert Austraalje in tige ôfhâldich asylbelied, wêrby't besocht wurdt safolle mooglik lju te warjen. Yn 2001 wie Krysteilân it toaniel fan 'e Tampa-affêre, wêrby't de Australyske oerheid besocht om tsjin te kearen dat it Noarske frachtskip de Tampa 438 flechtlingen, dy't it op folle see fan harren sinkende boat rêden hie, op it eilân ôfsette soe. Dat late ta in heechoprinnende rûzje mei Noarwegen, wylst de politike reäksjes yn Austraalje sels in wichtich tema wiene by de nasjonale ferkiezings fan dat jier.
Neitiid begûn Austraalje de asylsikers dy't Krysteilân berikten, troch te wizen nei trêde lannen, lykas Papoea Nij-Guineä en Naurû, dy't har dêrfoar troch Austraalje betelje lieten. Yn 2006 waard der op Krysteilân in ymmigraasjedetinsjesintrum (in asylsikerssintrum anneks tichthûs) boud, dêr't 800 minsken (tydlik) opfongen wurde kinne. Mei de al besteande opfangsintra wie der doe op it eilân plak foar in abslút maksimum fan 2.724 minsken. Yn juny 2013 gie men mei 2.960 nije asylsikers oer dy grins hinne. Yn desimber 2010 kamen 50 asylsikers om doe't harren boat by Flying Fish Cove tepletter sloech op 'e rotsen.
Bestjoer Sûnt de oerdracht fan it eilân oan Austraalje, yn 1957, falt Krysteilân as in ekstern territoarium streekrjocht ûnder it Australyske federale regear yn Canberra. Oant 2007 lei de ferantwurdlik foar it Krysteilânske bestjoer by it Ministearje fan Transport en Regionale Tsjinsten, fan 2007 oant 2010 by it Ministearje fan Binnenlânske Saken, en sûnt 2010 by it Ministearje fan Regionaal Austraalje, Regionale Untwikkeling en Pleatslik Regear.