Wylan is in plak oan 'e rivier de Tyne en civil parish mei 1.924 ynwenners (2011), sa'n 16 km bewesten Newcastle upon Tyne, yn 'e bestjoerlike krite Northumberland, yn it Ingelske greefskip Northumberland.

Wylam wie eartiids in yndustrydoarp mei koaleminen en izerfabriken. Hjoed-de-dei is it plak in forinsedoarp fan Newcastle upon Tyne en Hexham. It doarp leit oant it spoar Newcastle-Carlisle. De doarpstsjerke waard yn 1886 boud en is oan Oswine fan Deira wijd, in hillige út Northumberland.

Ferneamde ynwenners Basil Bunting - dichter Antonia Byatt - romanskriuwer Margaret Drabble - romanskriuwer Archibald Matthias Dunn - Fiktoariaansk arsjitekt Timothy Hackworth - spoarpionier William Hedley - spoarpionier George Stephenson - Father of the Railway ('Heit fan it spoar') Charles Algernon Parsons - útfiner fan 'e stoomturbine

Keppeling om utens Foto's fan Wylam

thumb|left|250px|Points Bridge oer de Tyne

Kategory:Northumberland Kategory:Plak yn Ingelân