thumb|left|Plak fan Basra yn Irak Basra (Arabysk: al-Basrah) is de op ien nei grutste stêd fan Irak. De stêd leit goed 100 km fan de Perzyske Golf oan de Sjat al-Arab (yn it ferlingde fan de Tigris en de Eufraat) yn it fierste súdeasten fan it lân.

Ekonomy De stêd hat wichtige oaljefjilden yn de omkriten en is mei dêrom fan grut strategysk belang.

Ek is Basra fan belang as grutste havenstêd fan Irak. Fanâlds binne de omkriten fan Basra ek ferneamd om harren nôt en dadels.

Ferneamde lju út Basra Rabia al-Adawiyya al-Qaisiyya, soefiste Al-Hasan al-Basri, Islamitysk teolooch en soefy (berne yn Medina) al-Hariri, Arabysk dichter en taalkundige Paul Méfano, Frânsk komponist

Kategory:Plak yn Irak Kategory:Plak stifte yn 636