right|thumb|250px|Lizzing fan Hyrkaanje yn Iran en Turkmenistan. right|thumb|250px|In oerwâld yn Hyrkaanje right|thumb|250px|Rysbou yn Mazandaran Hyrkaanje of Ferkâna wie eartiids sawol de namme fan in krite as fan in kening yn wat tsjintwurdich it noarden fan Iran en it súdwesten fan Turkmenistan is. Geografysk sjoen leit it gebiet tusken de Kaspyske See en it Elbûrs-berchtme.
De Alde Griken joegen de namme Hyrkaanje oan de krite. Yn it Aldperzysk waard it gebiet Ferkâna neamd. Ferkā betsjut yn it Aldperzysk wolf en de namme hâldt dan ek Wolvelân yn.
De Griken neamden de Kaspyske See de Hykanyske See.
Geografy, klimaat en lânskip De geografy fan it lânskip wurdt skaaimerke troch in alluviale flakte dat tusken de bergen en de see yn leit. De flakte is net oeral like breed, it fariearret fan in inkelde kilometer op guon plakken oant tsientallen kilometers, bygelyks yn Mazandaran.
De regio hat in subtropysk klimaat. Der wurdt in protte rys ferboud.
De regio hat in protte subtropysk bosk.
It histoaryske Hyrkaanje heart tsjintwurdich ta de provinsjes Ardebil, Gilan, Mazandaran, Golestan en Noard-Chorasan.
Skiednis Hyrkaanje hearde ûnder it regear fan Syrus de Grutte (559 - 530 f.Kr.) by it Perzyske Ryk. It gebiet waard doe bestjoerd troch in satraap dy't nei alle gedachten syn sit hy yn de stêd Sary.
Aleksander de Grutte ferovere de omkrite yn 329 f.Kr. Nei syn dea foel syn ryk útinoar en waard Hyrkaanje part fan it Seleusidyske Ryk.
Doe't it Arabyske Ryk ûnder Omar ibn al-Chattab Iran yn 636 ferovere, bleau Hyrkaanje noch lange tiid selsstannich.
Fan 928 oant 1043 wie Hyrkaanje in selsstannige steat ûnder de dynasty fan de Ziyariden. Dêrnei waard de streek ferovere troch de Turkske Seltsjoeken.
Hyrkaanje waard yn 'e snuorje fan de Safaviden tenei diel fan Iran, nei't Abbas I de Grutte it gebiet by syn ryk tafoege.
Sjoch ek Mazandaran Oerwâlden fan Iran
Keppeling om utens Livius.org: Hyrcania, beskriuwing by Livius.org.
Kategory:Geografy fan Iran Kategory:Skiednis fan Iran