De Elbûrs (Perzysk: البرز, Alborz) is in berchtme yn it noarden fan Iran.
Beskriuwing It berchtme leit tusken de Kaspyske See en it Heechlân fan Iran yn. It berchtme rint yn eat-westlike rjochting tusken de grins mei Azerbeidzjan yn it noardwesten en Turkmenistan yn it noardeasten. De heechste berch is de Damavand mei in hichte fan 5.610 meter boppe seenivo en is de heechste berch fan Iran en it gânse Midden-Easten. Benoarden fan de Elbûrs leit de histoaryske krite Hyrkaanje.
De Elbûrs bestiet út in rige paralel rinnende berchrêgen by de súdlike ouwer fan de Kaspyske See del. De Elbûrs heart ta in rige berchtmen dy't fan it Armeensk Heechlân yn it westen oer de Elbûrs en de Hindoekûsj oant de Pamir yn it easten rint. De Elbûrs hat in lingte fan likernôch 600 km en is tusken de 60 en 130 km breed. Hy heart ta de Alpynske berchgurdle fan Jeraazje. De Elbûrs foarmet de noardlike ein fan it Heechlân fan Iran.
Etymology De namme fan it berchtme is ôflaat fan Harā Barazaitī, in legindaryske berch yn de Avesta, de haadtekst fan it Soroästrisme. Harā Barazaitī komt fan it Proto-Iraanske *Harā Bṛzatī, dêr't *Bṛzatī de froulike foarm fan it eigenskipswurd *bṛzant- ("heech") fan is, en de stamheit fan it hjoeddeistige Ossetyske bærzond ("heech", "spits"); Perzysk بلند barz ("heech"), berāzande ("elegant") en Barz/Berazandeh; Koerdysk barz ("heech"); allegear besibbe oan it Sanskryt Brihat (बृहत्). Harā kin ferdútse wurde as "wachter" of "beskermer", ôflaat fan 'e Yndo-Jeropeeske woartel *ser "beskermje". Yn it Midperzysk waard Harā Barazaitī omfoarme ta Harborz, yn modern Perzysk Alborz, itjinge besibbe oan de namme fan de "Elbrûs", de heechste berch fan de Kaukasus.
Nijsgjirrich It berchtme spilet in wichtige rol as lokaasje foar de Perzyske mytology.
Winters wurdt der in protte skyd.
Keppeling om utens Elburz Mountains, beskriuwing by Livius.org
Kategory:Berchtme yn Iran