Greet Hommes (Ljouwert, ±1944) is in Nederlânsk politika.

Yn 1978 waard se lid fan de provinsjale steaten en yn 1987 waard se deputearre foar de PvdA yn de provinsje Seelân. Begjin 1993 folge har beneaming ta boargemaster fan de gemeente Nijefurd. Op 1 jannewaris 1998 ferwikselen de boargemasters fan Skiermûntseach en Nijefurd fan harren funksje; offisjeel giene beide mei ferlof en waarden waarnimmend boargemaster yn de oare gemeente. De posysje fan Hans Boekhoven wie op Skiermûntseach troch ûnder oare de saak om plysjesjef René Lancee problematysk wurden wêrtroch't foar dizze tydlike útwikseling keazen waard. De bedoeling wie dat se yn april 1999 werom komme soe mar koart dêrfoar waard se al boargemaster fan Middelharnis. Se hie langstme nei súdwest Nederlân en har ein 2002 ferstoarne man Hannes de Vries koe yn de buert fan Middelharnis syn grutte hobby silen útoefenje. Begjin 2009 gie se mei pinsjoen.

Kategory:Frysk politikus Kategory:PvdA-politikus Kategory:Boargemaster fan Nijefurd Kategory:Boargemaster fan Skiermûntseach Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Nederlânsk provinsjaal politikus Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1944