Wetterskip De Himpensermarpolder wie in lyts wetterskip fan 89 hektare yn de gemeente Idaarderadiel.

It wetterskip waard oprjochte yn 1890 en bestie út it gebiet fan de yn 1784/1785 drûchmealde Himpensermar. Yn 1971 waard troch de oanlis fan de wei Ljouwert-Drachten it oanbuorjende wetterskip De Hond yn twa dielen splitst. In diel fan 8 ha kaam by De Himpensermarpolder.

It gebiet fan it eardere wetterskip is sûnt 2004 ûnderdiel fan it Wetterskip Fryslân.

Sjoch ek Himpenserpoldermûne

Kategory:Earder wetterskip yn Fryslân Kategory:Himpens Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1890 Kategory:Organisaasje opheft yn 2004