thumb|250px|Opnames fan de Overval yn de Cinetonestudio, efter de kamera Prosper Dekeukeleire, Kees Brusse, Paul Rotha en Jan Blaaser yn it raam
De Overval is in Nederlânske swart-wytfilm út 1962, produsearre troch Rudolf Meyer en regissearre troch Paul Rotha. It is ien fan de súksesfolste films yn de Nederlânske sinema mei sa'n 1.474.000 besikers.Hans Schoots, Van Fanfare tot Spetters (2004), side 211 It hat as ynternasjonale titel The Silent Raid.
Lou de Jong skreau it senario op basis fan it Herinneringsalbum dat yn 1945 útkommen wie by de earste betinking fan 'e kreak, de oerfal op 'e Blokhúspoarte yn Ljouwert, in barren dat wol ta de grutste fersetsdieden yn de Twadde Wrâldoarloch rekkene wurdt. Yn WOII wiene wol 80 befrijingsaksjes út finzenissen.
Ferhaal It is 8 desimber 1944. Yn it Hûs fan Bewar yn Ljouwert liket alles rêstich, mar it is bedroch. In groep Nederlânske fersetslju sil 51 fan harren fersetsmaten op spektakulêre wize befrije.
Literatuer Yn 2019 brocht skriuwer Hessel de Walle by de 75-jierrige betinking it boek De Mannen van de Overval út mei libbenbeskriuwingen fan alle 26 dielnimmers. Yn 2022 kaam syn biografy fan Piet Oberman - de lieder by de Oerfal - út ûnder de titel Piet Oberman De man en de mythe. Yn beide boeken is wiidweidich omtinken foar de film.
Rolferdieling Rob de Vries: Piet Oberman alias Piet Kramer Kees Brusse: Ynspekteur Bakker (basearre op Jurjen Dreeuws) Yoka Berretty: Mies (Diny Sprock) Jan Blaaser: Gerard Reeskamp, alias Harry Hans Culeman: Grundmann Frans Kokshoorn: Walther Christine Schouten: Grundmann syn sekretaresse Els Bouwman: Frou Lammers Piet Römer: Eppie Bultsma Thera Verheugen: Jannie Bultsma Sacco van der Made: Keapman Chris Baay: Vos Bernhard Droog: Jellema Pieter Lutz: plysje Turksma Hans Boswinkel: Wim Douma (Willem Stegenga alias Wim Boersma) Riek Schagen: Mem fan Wim
Literatuer ――, "Bevrijding", 8 December 1944: Herinneringsalbum van de "Overval" op de Strafgevangenis, Ljouwert, 1946 (Prov. Lieding f.d. Fryske K.P.), gjin ISBN. , De Overval, Amsterdam, 1962 (Querido), gjin ISBN. , Bert Haanstra. Filmer van Nederland, s. 131-143, Amsterdam 2009 (Mets & Schilt), ISBN 978 90 5330 666 6. , De Mannen van de Overval, Dokkum, 2019 (Wijdemeer), ISBN 9789492052599. , Piet Oberman. De man en de mythe, Dokkum, 2022 (Wijdemeer), ISBN 9789492052872.
Keppeling om utens De folsleine film op Youtube
Kategory:Nederlânske histoaryske film Kategory:Nederlânske oarlochsfilm Kategory:Nederlânske swart-wytfilm Kategory:Histoaryske oarlochsfilm Kategory:Nederlânsktalige film Kategory:Film út 1962 Kategory:Net-Fryske film mei in Frysk tema Kategory:Film oer it Nederlânsk ferset yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Film oer de Twadde Wrâldkriich yn Jeropa en Afrika Kategory:Film oer de SD Kategory:Film oer in besetting Kategory:Film basearre op wiere foarfallen