Löwenstedt (Noardfrysk: Jöömst; Deensk: Lyngsted of Lyngsæd; Jutlânsk: Lyngste) is in plak yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein yn 'e kreis Noard-Fryslân. Löwenstedt heart by it amt Mittleres Nordfriesland en hat 693 ynwenners (2024).
Namme De plaknamme waard yn 1292 foar it earst offisjeel yn 'e dokuminten neamd en ferwiist nei heide (Deensk: lyng). De namme is in gearstalling fan it Deenske lyng foar "heide" en it Alddeenske sæt foar "delsetting", wat safolle betsjut as "delsetting yn of by de heide". Yn it Dútsk is de namme letter oars útlein en feroare yn Löwe (liuw) en it efterfoegsel -sæt is feroare yn -stedt.
Skiednis Op 1 april 1934 waard de kerspelplattelânsgemeente Viöl opheft. Ferskillende doarpen waarden doe selsstannige gemeenten en sa ek Löwenstedt, dat op 1 desimber 1934 mei de oanbuorjende gemeente Ostenau ta in nije gemeente gearfoege waard.
Natuer thumb|left|Löwenstedter Sandberge. Flakby it doarp leit it grutte beskerme natuergebiet de Löwenstedter Sandberge. Dit is in âld heide- en dúngebiet mei sânferstowings yn it binnenlân.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934