Hawker Seahawk 275px Rol Jachtfleanmasine Makker Hawker Aircraft, Armstrong Whitworth Aircraft Untwerper Sydney Camm Earste flecht 2 septimber 1947 Yn tsjinst Maart 1953 Ut tsjinst 1983 Tal makke 524 Grutste brûkers De marine fan: Grut-Brittanje, Dútslân, Nederlân en Yndia Fariant Hawker P.1072

thumb|Seahawk mei opklapte fleugels De Hawker Seahawk wie in ienpersoans jachtfleanmasine ornearre foar operaasje fan fleandekskippen ôf. It tastel waard boud fan de Ingelske firma’s Hawker Aircraft en Armstrong Withworth Aircraft. De Seahawk waard healwei de jierren ’50 brûkt.

Skiednis De earste produksjeferzje, de F1, fleach 1951 en yn 1953 waard it operasjoneel. De twadde jagerfariant wie de ferbettere en sterkere F2. De tredde fariant waard de FB3 jager-bommesmiter; dy wie bot fersterke om mear wapens tôgje te kinnen. De fjirde ferzje waard de FGA4, in jachtbommesmiter; mei in noch gruttere wapenkapasiteit. De fifde jager-bommesmiterferzje FB5 wie in FGA4 mei in nije Rolls Royce Nene 103 motor. De lêste fariant, de FGA6, wie in ferbettere FGA4.

De Keninklike Marine hat fan 1956 oant en mei 1964 Seahawks fan it type FGA50 brûkt. Der binne 22 fan kocht. De fleanmasines kamen by de squadrons 3 en 860. Beide squadrons rûlearren tusken it fleankamp Valkenburg en it fleandekskip Karel Doorman. It wie de ienige strieljager dy't de marine hân hat (útsein in hânfol Gloster Meteors dy't fan de loftmacht liend waarden om te trenen).

De Seahawks waarden yn 1964 út de tsjinst helle en opslein. Op twa nei binne sy allegear ferskroate.

De Dútske Bundesmarine hat de Seahawk ek as ferkenningstastel oant 1960 yn tsjinne; dêrnei waard it troch de F-104 Starfighter ferfongen. Ek dy Seahawks waarden benei allegearre sloopt.

De Hawker Seahawk is súksesfol ynsetten yn de Suezkrisis yn 1956. Der waarden seis Ingelske squadrons ynsetten foar grûnsteun oan de Frânske en Britske troepen. Ek de Yndiaaske marine hat it tastel yn 1971 súksesfol tsjin grûndoelen ynsetten yn de oarloch tusken Yndia en Pakistan.

Technyske feiten Hawker Sea Hawk Mk. 100 thumb|Yn tsjinst kommen fan Sea Hawk by MFG 1 yn Jagel 1958 Feiten Lingte    12,09 m Spanwiidte    11,89 m /mei opklapte fleugels 4,04 m Hichte    2,95 m /mei opklapte fleugels 5,39 m Oandriuwing;   1 Rolls-Royce Nene 103 turbinemit 2359 kp/turbinebelesting Grutste faasje    964 km/o Normaal fleanberik    772 km Bemanning    1 Tsjinstplafond    13.564 m Gewicht totaal    7327 kg Bewapenin    fjouwer 20-mm-kanonnen mei 200 patroanen it stik, bommen of raketten

Keppelings om utens Thunder and Lightnings Lûd fan in oerfleanende Sea Hawk

Kategory:Britske jachtfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1947