Lütjenholm (Noardfrysk: Läitjholem; Deensk: Lilholm) is in plak yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein yn 'e kreis Noard-Fryslân. It plak heart by it amt Mittleres Nordfriesland en hat 339 ynwenners (2024).

Lânskip en natuer De gemeente hat relatyf in soad bosk. Yn it gemeentlik gebiet lizze boppedat de Lütjenholmer Heidedünen (de Lütjenholmer heidedúnen), in erkend natuergebiet. De Lütjenholmer Süderheide, in terrein dat foarhinne troch de Bundeswehr as oefenterrein brûkt waard, leit dêrfoaroer al op it grûngebiet fan 'e oanbuorjende gemeente Bargum.

Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934