thumb|John William Waterhouse John William Waterhouse (Rome, 6 april 1849 – Londen, 10 febrewaris 1917) wie in Ingelsk keunstskilder, lykas syn heit. Waterhouse wurdt ta de Prerafaeliten rekkene.
Biografy Nei de middelbere skoalle yn Leeds waard Waterhouse learling byldhouwen oan de Royal Academy of Arts yn Londen. Al nei in heal jier hâlde er dêrmei op om selsstannich oan de gong te gean as keunstner. Hy wie fral skilder. Hy wurke yn Londen yn de Primrose Hill Studios yn de wyk Kensington mar wenne in pear kilometer fierderop oan de Abbey Road. Hy skildere it leafst mytologyske foarstellingen.
Waterhouse krige in protte wurdearring mei syn kleurige, laden ôfbyldingen fan froulju, sawol yn it Britske Ryk as op de Wrâldtentoanstellingen yn de 19e iuw. Ynspiraasje helle Waterhouse út it wurk fan skriuwers sa as Ovidius, Keats, Boccaccio, Shakespeare, Tennyson en Dante. Faak wie dat it opstekken fan de loftrompet út syn hertstocht foar froulju, wetter, natuer, leafde en dea wei, faak mei in tsjustere ûndertoan.
Oer Waterhouse is fierders net folle witten.
Syn ferneamde skilderij The Lady of Shalott, is te sjen yn de Tate Gallery yn Londen.
De útstalling J.W. Waterhouse (1849-1917), Betoverd door Vrouwen wie fan 14 desimber 2008 oant en mei 3 maaie 2009 yn it Grinzer Museum yn Grins.
Galery Totaal makke Waterhouse 118 skilderijen, in kar-út: 1870 oant 1880
1880 oant 1890
1890 oant 1900
1900 oant 1910
Fan 1910 ôf
Keppelings om utens Webside oer Waterhouse John William Waterhouse.net mei sa'n 200 skilderijen
Kategory:Ingelsk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn 1849 Kategory:Persoan stoarn yn 1917