Arlewatt (Noardfrysk: Alwat, Deensk: Arlevad ) is in doarp en gemeente yn 'e Kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Arlewat makket diel út fan it amt Nordsee-Treene en hat 342 ynwenners (2025).
Skiednis It plak waard yn 1466 foar it earst skriftlik dokumintearre en de namme ferwiist nei in furde (watt → waad) yn 'e Arlau. Oannommen wurdt dat de namme ûntstie om't yn âlde tiden hjir de Arlau tichteby in geast fanwegen de lege wetterstân trochwâde wurde koe.
thumb|left|Kastiel fan Arlewatt. Yn 'e twadde helte fan 'e 16e iuw waard it kastiel fan Arlewatt boud. Fan it kastiel is hjoed-de-dei allinnich noch in pleats oerbleaun.
Arlewatt waard op 1 april 1934 in selsstannige plattelânsgemeente.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934