Sybrand fan Osinga († 1623) wie grytman fan Wûnseradiel en wenne yn Skettens. Sybrand wie in soan fan Jancke fan Osinga, dykgraaf fan de suderdiken fan Wûnseradiel, en lei him ta op de ferbettering fan de wettersteat yn syn gritenij. Tsien jierren foar syn beneaming ta grytman wie hy al folmacht op de Lânsdei foar Westergoa. Yn 1618 krige hy syn kommisje as lid fan deputearden en folge yn dy kwaliteit yn 1620 de lykstaasje fan greve Willem Loadewyk. Twa jierren letter wie hy lid fan de steaten-generaal, en ferstoar yn 1623. Hy boaske earst mei At Aggema en letter mei Luts fan Scheltema. Hy wenne yn Skettens op Osingastate, dat er sels bouwe litten hie.

Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Wûnseradiel Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Frysk deputearre Kategory:Fryske adel Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn yn Skettens Kategory:Persoan berne yn de 15e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 1623