Aldegea is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, súdlik fan de Fluezen. Aldegea leit yn in iepen lânskip. Dit komt troch de polderûntginning yn de 19e iuw. De Ige Galamawei ferbynt Aldegea yn it noardeasten mei Ealahuzen en yn súdwestlike rjochting nei Kolderwâlde, Himmelum en Bakhuzen.

It doarp hat ynwenners ().

Skiednis It doarp ûntstie nei alle gedachten yn de tolfde of trettjinde iuw. Yn de fyftjinde iuw waard it doarp Oldegae neamd. It komt fan it Aldfryske olde (âld) en gae (doarp/himrik). It foarheaksel "Alde" is ta ûnderskieding fan it lettere ûntstiene doarp Nyegea, hjoed-de-dei Ealahuzen, dy' nei alle gedachten út Aldegea wei stifte waard.Nederlandse plaatsnamen verklaard en yn etymologiebank.nl

De tsjerke stiet yn it âldste diel (út de lette Midsiuwen), middenyn it doarp. It doarp krige in lintbebouwing trochdat letter fierder boud waard bylâns de tichtsmiten Wâldfeart en de Wâlddyk.

Aldegea wie ien fan de oarspronklike doarpen fan de gritenij Himmelumer Aldefurd, dy't yn 1851 yn gemeente waard. Yn 1984 gie Aldegea, mank mei Kolderwâlde en Ealahuzen nei de gemeente Gaasterlân-Sleat, dy't yn 2014 wer opgie yn de nije gemeente De Fryske Marren.

Mienskip Befolking 1954 - 357, 1959 - 361, 1964 - 311, 1969 - 273, 1973 - 263, 1994 - 232, 2004 - 270, 2021 - 265

Ferskaat De herfoarme tsjerke oan de Aldewei is oanwiisd as monumint. De Skeakel is it multifunksjonele sintrum dêr't de basisskoalle "De Fluessen" in diel fan is. Yn it wapen fan Aldegea stean in stins en in leelje, beide ferwizend nei de aadlike Galama's, famylje fan Ige Galama

Sport Aldegea hat tegearre mei de oanbuorjende doarpen Kolderwâlde en Ealahuzen in fuotbalferiening, SF de Wâlde dy't yn Aldegea fêstige is.

Berne yn Aldegea Lolke Cnossen (1921-1974), boargemaster

Ynfrastruktuer

Bustsjinst Troch Aldegea rint de folgjende busline:

Line 45: Snits - Himmelum fia Wâldsein

De busline troch Aldegea wurdt fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten Aldewei, Algemiene Wei, Bokkeleane, Ige Galamawei, Klaas Gelkesstrjitte, Sanne Windwei.

Sjoch ek Fryske doarpen.

Kategory:Doarp of stêd yn Himmelumer Aldefurd Kategory:Doarp of stêd yn Gaasterlân-Sleat Kategory:Doarp of stêd yn De Fryske Marren