Bûtenpost is in doarp yn it easten fan Fryslân. It is it haadplak fan 'e gemeente Achtkarspelen. Bûtenpost leit yn it noardeastlike part fan dy gemeente. Bûtenpost stiet bekend om it Konkoers Hippyk Bûtenpost, dat der elts jier op 'e earste woansdei fan augustus holden wurdt.

Bûtenpost hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.

Skiednis Bûtenpost leit yn it noarden fan Achtkarspelen tusken Grins en Ljouwert en dy lizzing is fanâlds fan belang west foar dit grinsdoarp. Bûtenpost is earder ûntstien út de oangrinzjende buorskip Lytsepost. De namme Bûtenpost ferwiist nei bûtenste wacht [boarne nedich] of fuotbrêge dy't eartiids post neamd waard.

thumb|left|Marijetsjerke Stadichoan fêstigen har der leden fan foarname Fryske famyljes; roubuorden yn de Marijetsjerke binne dêr stille tsjûgen fan. Eartiids wie hjir Boelensstate. Yn de 19e iuw begûn Bûtenpost foardiel te lûken út de lizzing tusken twa haadstêden. It doarp waard pleisterplak foar de postweinen. De hynders ferdwûnen nei't yn 1866 it spoar tusken Grins en Ljouwert iepene waard en kamen der auto's.

Yn 2013 kaam der in omwei east fan it doarp fan de rotonde yn it suden nei de buorskip De Lêste Stoer. Dy omwei krige de namme 'Bûtenom' en krúst it spoar ûngelyk middels in brêge. It moat de oplossing wêze foar it drokke ferkear yn it sintrum fan Bûtenpost. De nije dyk hat in ôfslach nei yndustryterrein De Swadde. Tusken it doarp en de omwei waard de nij wenwyk Bûtenpost-Súd boud.

Flagge en Wapen Bûtenpost hat yn it ferline in skoft by it Westerkertier yn Grinslân heart. No't it al iuwenlang yn Eastergoa yndield en haadplak fan Achtkarspelen is, waard foar it wapen ek oansletten by Eastergoa: yn read twa sulveren dwersbalken mei as oanfolling wapenfigueren dy't mei Bûtenpost te krijen hawwe.

Doarpswapens wurde faak ôflêzen fan de wynwizer of -roas oan it krús op it koer fan it tsjerkedak. Yn Bûtenpost stiet dêr in swart metalen krús mei in krânse fan acht leeljes (in Marije-embleem). De acht gouden leeljes binne oer de reade dielen fan it skyld siedde yn de getalsferhâlding 3:3:2. De twa sulveren dwersbalken binne elk mei in figuer yn Eastergoa-kleuren belein mei op 'e midden fan de boppeste balke in seispuntige stjer. Yn de Fryske heraldyk is dit in saneamde "liedstjer", dy 't ferwiist nei de bestjoerlike lieding fan it gemeentehûs dat yn Bûtenpost stiet. Bûten Bûtenpost stiene eartiids in oantal aadlike states, lykas Jeltingastate en Herbrandastate. Fan alle famyljewapens fan de eigeners fan dy states, stiene yn trijefjirde diel ien of mear roazen. As ferwizing dêrnei stiet in reade roas yn de midden fan de ûnderste balke.

De liedstjer èn de leelje komme werom yn de doarpsflagge fan Bûtenpost. Alhoewol't de flagge net offisjeel is, hat Pleatslik Belang de flagge yn 2007 op'e nij yntrodusearre as symboal fan it doarpseigene.Binnenbuitenpost.nl, oproppen 2 maaie 2022

Mienskip Yn Bûtenpost stiet ek it gemeentehûs fan Achtkarspelen. It peil fan foarsjenningen en de lizzing soargje dat Bûtenpost in groeiende wenfunksje hat. Der is ek in oerdekt swimbad ('De Kûpe') en in sporthal ('De Houtmoune'). De doarpskrante is in inisjatyf fan Pleatslik Belang en hjit "De Binnenste Bûten". Bûtenpost hat fanâlds wat hân mei hynders. Alle jierren is der yn july-augustus in feestwike mei aktiviteiten as in merke en in konkoers Hippyk. thumb|260px|Haersma State thumb|Monument-7037-1|260px|Alde gritenijhûs thumb|260px|It Alde Kantoar

Tsjerken Mariatsjerke (PKN-gemeente, foarhinne herfoarme gemeente) Krústsjerke (PKN-gemeente, foarhinne grifformeard-synodale gemeente) Fonteintsjerke (grifformeard-frijmakke gemeente) Fermanje (doopsgesinde gemeente) Het Lichtbaken (Kristengemeente; profyl: evangelysk)

Skoallen Fuortset ûnderwiis: Iepenbiere Skoalle Mienskip Nordwin Kolleezje (fmbû en mbû-grien) Kristlike Skoalle Mienskip Lauwers Kolleezje (gymnasium, fwû, hafû en fmbû) Basisskoallen: Kristlike basisskoalle 'De Lichtbron' Grifformearde (frijmakke) basisskoalle 'De Fontein' Iepenbiere basisskoalle 'De Mienskip'

Ferienings Kritetoaniel Bûtenpost V.C.Bûtenpost Keatsklup Bûtenpost Kuorbalferiening Flamingo's Ljepferiening Bûtenpost G.V MAAS Angelsportferiening Bûtenpost iisclub Bûtenpost Swim- en wetterpoloferiening Bûtenpost 'P.W.C' Tennisfereniging Buitenpost Hynders- en Pony klup 'De Postruters' Fytstoerklup Bûtenpost Badmintonklup Bûtenpost Fuotbalferiening Bûtenpost VV Bûtenpost - Bûtenpost is faak yn it nijs kaam troch it beropsfuotbal. Profclubs lykas SC It Hearrenfean, Ajax, Cambuur Ljouwert, Valencia, FC Grins en in soad oare clubs kamen hjir. Befolkingsferrin Jier 1955 1960 1965 1970 1973 1990 1992 1994 1996 Ynwenners 2.689 2.814 3.123 3.600 4.049 5.498 5.552 5.602 5.625 Jier 1998 2000 2002 2004 2006 2009 2015 2020 Ynwenners 5.632 5.639 5.650 5.719 5.762 5.785 5.803 5.703

Berne Tarquinius fan Boelens (1632-1670), grytman Martinus fan Scheltinga (1656-1726), grytman Dirk Jan Jacob Hellema (1872-1947), boargemaster Meine Fernhout (1884-1977), politikus Jacob Rusticus (1913-1972), keunstskilder Jo Bosma (1943-2015), politikus Gosse Dam (1950), byldhouwer Bienze IJlstra (1954), dirigint Jan Jacob van Dijk (1964), politikus Stephan van Hoving (1983), fuotballer

Iepenbier ferfier

Bustsjinst De buslinen troch Bûtenpost wurde fersoarge troch Qbuzz. De folgjende buslinen ride troch Bûtenpost:

Line 12 Bûtenpost - Drachten fia Surhústerfean: Bûtenpost Stasjon - De Roskam - De Achtkant - Mûne-erf - Swimbad - Alde Dyk - Blauforlaet - Stynsgea - Surhuzum - Surhústerfean - De Rottefalle - Drachten

It besjen wurdich thumb|220px|Mûnts fan Bûtenpost Mariatsjerke De Mûnts, in oarspronklik út 1871 datearjende muonts. Iistidemuseum, mei alderlei archeologyske fynsten út de iistiid yn Bûtenpost. Der steane ferskate keunstwurken yn it doarp. Yn juny 2009 is der in nij keunstwurk setten op de hoeke fan it Nijenstijn Plein, in keunstwurk fan Hans Jouta út Ferwert. It wurk is fjouwer meter heech en hat de foarm fan in hynstesturt. Jeltingahûs

Fierders hat Bûtenpost de grutste botanyske krûdetún fan Nederlân. Dit is Botanyske Tún De Kruidhof. Op de lokaasje fan 3,5 bunder binne bysûndere plantekolleksjes te besjen, lykas in flintertún en in ôfdieling mei túnkrûden en genêskrêftige planten.

Op 'e earste woansdei fan augustus wurdt yn Bûtenpost alle jierren it Konkoers Hippyk Bûtenpost holden. Dat is ien fan 'e grutste hynsteporteveneminten yn Fryslân. Fierders waard op 14 july 2018 foar it earst de Feteranedei fan Achtkarspelen holden.

Ynfrastruktuer Provinsjale wei Lâns Bûtenpost rinne de N355 en N358.

Iepenbier ferfier

Bustsjinst Troch Bûtenpost rinne de folgjende buslinen:

Line 12: Bûtenpost - Drachten fia Surhústerfean Line 61: Damwâld - Bûtenpost Line 62: Bûtenpost - Ljouwert fia Kollum en Feanwâlden Line 63: Dokkum - Bûtenpost fia Kollum Line 101: Gruttegast - Koatstertille fia Bûtenpost

Treinferbining Bûtenpost leit oan it spoar Grins-Ljouwert. Yn beide rjochtingen kin men trije kear yn 't oere op de trein stappe. Twa dêrfan binne stoptreinen en ien is in sneltrein. De ferbining wurdt fersoarge troch Arriva.

Strjitten Alle strjitten yn Bûtenpost.

Sjoch ek Fryske doarpen.

Keppeling om utens Webstee Achtkarspelen Webstee Binnenste Bûten Webstee De Kruidhof

Kategory:Doarp of stêd yn Achtkarspelen