Boarnburgum is in doarp yn de gemeente Smellingerlân dat súdwestlik oan Drachten grinzget. Mei Koartehimmen foarmet Boarnburgum in twillingdoarp. Yn it west fan it doarp lizze in gebiet mei boerebedriuwen en de Boarnburgumerpetten.
Boarnburgum hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
Skiednis thumb|left|Schotanuskaart út 1718 Mei Aldegea is Boarnburgum it âldste plak fan Smellingerlân. It earste diel fan de namme ferwiist nei De Boarn. It twade diel ferwiist nei de hichte dêr't it plak op leit. It plak ûnstie dus op in drûch stik grûn oan of by De Boarn. Der wurdt ek wol tocht dat it doarp westliker lein hat, tichter by de Boarn of in sydrivierke dêrfan.
Himrik It gebiet dat ûnder it doarp foel wie eartiids folle grutter en lei tusken de Postbrêge oer it rivierke de Drait oant fier yn it westen ta de Botmar. Njonken de buorren om de tsjerke hinne mei It Efterom leine der yn 'e himrik ferskillende buorskippen, dy't letter doarpen waarden: Goaiïngahuzen, De Flearbosk, De Wylgen en Smelle Ie. De Feanhoop ûntstie doe't yn de 19e iuw de Beetster Feart groeven waard mei't de feanterij goed op gong kaam. Oan de ein fan de feart by de slûs setten har jimmeroan mear minsken nei wenjen. En de measte petgatten waarden wer as brûkber boerelân oanmakke. thumb|left|Utwreiding Middelgeast Sûnt 1955 krigen De Wylgen, Smelle Ie, De Feanhoop en Goaiïngahuzen de status fan doarp, mar it memmedoarp Boarnburgum is noch altyd it sintrum fan it westlik part fan de gemeente Smellingerlân.
It doarp groeide yn de 20e iuw nei it noarden ta. Mei it lêste plan Middelgeast fierder rjochting De Wylgen is in lúks útwreidingsplan mei wetterpartijen oan it doarp tafoege.
Tsjerken De dowestiennen fan de midsiuwske doarpstsjerke wize op it ûntstean fan Boarnburgum foar 1200. Unbekend is wêr't de tsjerke foar de reformaasje oan wijd wie, mar Otto Derk Jan Roemeling neamde Sint-Sebastianus as mooglike patroanhillige.Otto Derk Jan Roemeling, Heiligen en Heren, side 48 Yn Sinteklaasnacht 1733 stoarte de sealtektoer fan de âlde tsjerke yn. De doe weropboude tsjerke waard yn 1871 op 'e nij ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke. Yn de yn 1980 restaurearre tsjerke stiet in 17e-iuwske iken preekstoel en om de preekstoel lizze âlde sarken, dy't ûnder de houten flier fûn binne.Doarpsside Boarnburgum, oproppen 25 maaie 2023
Yn 1911 krige Boarnburgum ek in grifformearde tsjerke. De grifformearde tsjerke is net mei de PKN meigien en is no ien fan de Fuortsette Grifformearde tsjerken yn Nederlân. Mienskip thumb|260px|Doarpshûs 't Bynt Boarnburgum hat mei Koartehimmen in feriening foar doarpsbelangen. 't Bynt is it doarpshûs. De doarpskrante Boarnhimster Bining ferskynt fjouwer kear yn 't jier. De stifting BOA organisearret in soad aktiviteiten.
Tsjerken thumb|260px|Fuortsette Grifformearde tsjerke
PKN-gemeente Boarnburgum-Koartehimmen Fuortsette Grifformearde tsjerke Boarnburgum-Koartehimmen
Skoallen Iepenbiere basisskoalle De Finneblom Protestantsk-kristlike basisskoalle By de Boarne
Ferienings Boarnburgum hat in soad buertferienings. Bernekoar The Young Source Biljertklub Trefpunt Bridgeklub 't Troefke Fanfare Looft den Heer Iisklub Foarút Toanielferiening Us Fertier Sportklub Boarnburgum '80 (fuotbal, gymnastyk, kuorbal, tennis en follybal) (De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)
thumb|260px|Wâldhûske Westerbuorren 35 Befolkingsferrin 1840 1959 1964 1969 1973 1999 2002 2003 2015 2020 328 821 809 833 888 1324 1307 1336 1689 1773 (Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2015 en 2020: Alle Cijfers) thumb|260px|Westerbuorren
Berne Willem Wilstra (1940), sjoernalist en skriuwer Arjan Jongsma (1995), musikus
Kabouterpaad Yn in boskje besuden Boarnburgum is foar de bern in kabouterpaad útset. Frijwilligers hawwe in lytse rûte makke mei kabouterkes, dy't bern opdrachtjes jouwe.
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Boarnburgum rint de folgjende busline:
Line 23: It Hearrenfean - Drachten fia De Tynje
De busline troch Boarnburgum wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Anemoan, 't Herntsje, Blêdlok, Boerekrookje, Boerestreek, Bosschawei, Bûtenom, Bysitterskamp, De Lege Ein, De Middelgeast, Ds Van Apeldoornwei, Eabekamp, Easterbuorren, Efterom, It Mear, Jouke Jochemswei, Krite, Ljippeblom, Nijewei, Skeanewei, Skoallefinne, Suderom, Tijmen de Boerwei, Titelroas, Westerbuorren, Wiegersmawei.
Publikaasje(s) "It Boereboek" (2006) "Bylden út de Skiednis fan Boarnburgum" (2015) "Winkels yn Boarnburgum" (2018)
Sjoch ek Fryske doarpen.
Keppeling om utens FB-side doarpshûs 't Bynt
Kategory:Doarp of stêd yn Smellingerlân