Edo Alma van Idema wie grytman fan Aenjewier tusken 1772 en 1795. Anjewier wie de twadde gritenij fan Sânwâlden en de lytste fan allegear. Grinzet yn it noarden oan Utingeradiel, beëasten oan Opsterlân, besuden oan Skoatterlân en bewesten oan Haskerlân. Aenjewier hat fjouwer doarpen: Gersleat, Tsjalbert, Lúnbert en Terbant, en noch in gedielte fan It Hearrenfean.

Edo wie de soan fan Bernardus fan Idema, en troud mei Detsje, dochter fan Martinus van Bouricius (berne, 3 jannewaris 1742 ). Hy wenne op It Hearrenfean en wie eartiids tûneboeier fan de provinsje Fryslân. Yn 1795 waard hy, krektas de oare grytmannen, ôfsetten.

Sjoch ek List fan grytmannen fan Aenjewier

Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Aenjewier Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn op It Hearrenfean Kategory:Persoan berne yn de 18e iuw Kategory:Persoan stoarn yn de 19e iuw