Daniël de Blocq van Scheltinga, (Harns, 7 septimber 1767 - Brommegea (buorskip fan It Oranjewâld), 26 oktober 1816), wie grytman fan Aenjewier en maire fan Skoatterlân.

Hy wie in soan fan Wiskje fan Bouricius en Martinus de Blocq fan Scheltinga, troude op 31 maart 1801 op It Hearrenfean mei syn earste frou Mintsje fan Wiarda (1776-1802) en hie mei har ien soan: Johan Willem. Op 7 juny 1803 troude Daniël yn Arum mei Sjoerdtsje Wierdina Wiarda (1775-1820)

Siet fan 19 septimber 1814 oant syn ferstjerren foar Aenjewier yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân.

Sjoch ek List fan grytmannen fan Aenjewier

Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Aenjewier Kategory:Grytman fan Skoatterlân Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Fryske adel Kategory:Persoan berne yn Harns Kategory:Persoan stoarn op It Oranjewâld Kategory:Persoan berne yn 1767 Kategory:Persoan stoarn yn 1816