thumb|right|125px|Brigitte Nielsen (1985) thumb|125px|Brigitte yn 2010 Brigitte Nielsen, berne as Gitte Nielsen, (Rødovre, 15 july 1963) is in Deensk model en aktrise.

Nielsen waard fral ferneamd fan har optredens yn films út de jierren 80, sa as Red Sonja, Rocky IV en Cobra. Letter, fan 2000 ôf, spile hja yn B-films en realitytelefyzjesearjes. Ut en troch song sy ek (fan 1987 ôf binne platen fan har útbrocht). Septimber 1985 wie hja te sjen yn it blêd Playboy.

Nielsen praat floeiend Deensk, Ingelsk, Dútsk en Italjaansk en kin har ek aardich rêde yn it Frânsk. Nei in koarte ferkearing mei de Deenske muzikant Kasper Winding troude se yn 1985 mei akteur Sylvester Stallone. It houlik duorre 18 moannen. Yn 2006 troude sy foar de fyfde kear.

Kategory:Deensk model Kategory:Deensk filmakteur Kategory:Deensk telefyzje-akteur Kategory:Deensk sjonger Kategory:Dielnimmer oan in Amerikaansk realitytelefyzjeprogramma Kategory:Dielnimmer oan in Britsk realitytelefyzjeprogramma Kategory:Dielnimmer oan in Deensk realitytelefyzjeprogramma Kategory:Dielnimmer oan in Dútsk realitytelefyzjeprogramma Kategory:Dielnimmer oan in Frânsk realitytelefyzjeprogramma Kategory:Dielnimmer oan in Italjaansk realitytelefyzjeprogramma Kategory:Persoan berne yn 1963