Sint-Truiden (Limburchsk: Sintruin) is in stêd yn 'e Belgyske provinsje Limburch yn it arrondissemint Hasselt. De stêd Sint-Truiden hie yn 2025 24.885 ynwenners; de gemeente hie op 1 jannewaris 2026 41.987 ynwenners.

Namme De âldste wenkearn is Zerkingen, dat al yn 'e 8e iuw yn geskriften neamd waard as Sarchinium. Nei 1100 waard de namme Sint-Truiden wenst, in ferneaming nei nei Trudo, de stifter fan 'e Abdij fan Sint-Truiden.

Skiednis De skiednis fan Sint-Truiden giet werom oant de Romeinske tiid. Op it plak fan 'e hjoeddeiske stêd ûntstie doe in lytse delsetting by in krúspunt fan Romeinske diken, letter bekend as Zerkingen. Yn 655 stifte Trudo, nei alle gedachten in lid fan in foaroansteande Austrazyske famylje, dêr in kleastermienskip. Dy groeide út ta de Abdij fan Sint-Truiden. Trudo waard letter hillich ferklearre, en by syn grêf ûntstie in wichtich beafeartsoard. Troch de stream fan pylgers kamen ek hannel en ambachten ta bloei, en de delsetting krige de namme Oppidum Sancti Trudonis. Stadichoan ferdwûn de namme Zerkingen en waard de stêd bekend as Sint-Truiden.

Yn 'e Karolingyske tiid wie Sint-Truiden al in ekonomysk sintrum, sa’t bliken docht út in munt út om 780 mei de namme fan 'e hillige Trudo. Om 950 liet biskop Adalbero I fan Metz in nije abdijtsjerke bouwe. Yn 'e 11e iuw belibbe de abdij in grutte bloeiperioade en waard in grutte romaanske tsjerke boud. Om 'e abdij hinne groeide Sint-Truiden út ta in fersterke stêd mei stedsrjochten. Yn 1129 waarden de ierden wâlen ferfongen troch stiennen stedsmuorren. De stêd waard ferneamd om har lekkenyndustry en eksportearre stoffen nei ûnder oare Dútslân, Ingelân en Frankryk. thumb|left|Model fan 'e abdijtsjerke. De abten fan Sint-Trudo hiene lange tiid grutte macht yn 'e stêd. Sy wiene ek ferantwurdlik foar de bou fan ferskate parochytsjerken binnen de stedsmuorren. Yn 1227 droech de biskop fan Metz syn rjochten op Sint-Truiden oer oan 'e prinsbiskop fan Luik. Dêrtroch waard Sint-Truiden ien fan 'e 23 "Goede Stêden" fan it prinsbisdom Luik. Op 'e merk waard in pyldermonumint oprjochte as symboal fan 'e Luikske frijheden. Yn 'e lette midsiuwen krigen de ambachten mear ynfloed op it stedsbestjoer, mar nei de ferovering troch Karel de Stoute yn 1467 rekke de stêd yn in tiid fan efterútgong.

Oan 'e ein fan 'e 18e iuw kaam der in ein oan 'e macht fan 'e abdij. Under de Luikske Revolúsje en de ynfal fan Frânske troepen waarden de abdijbesittingen yn beslach nommen en flechten de abt en de muontsen. Yn 1794 waard Sint-Truiden by de Earste Frânske Republyk foege. Nei in koarte skoft ûnder it Feriene Keninkryk fan 'e Nederlannen kaam de stêd yn 1830 ûnder Belgysk bestjoer te stean. thumb|left|Kriichsmonumint. Yn 'e 19e en 20e iuw bloeide Sint-Truiden op 'e nij troch de fruitteelt yn Haspengoa. Yn beide wrâldoarloggen waard de stêd troffen troch ferneatiging, en de Dútsers brûkten de loftmachtbasis fan Sint-Truiden as militêre basis. In grutte brân yn 1975 ferneatige in wichtich part fan 'e abdijgebouwen. By de gemeentlike weryndielingen fan 1971 en 1977 waarden ferskate omlizzende doarpen by Sint-Truiden foege, wêrtroch de gemeente har hjoeddeiske omfang krige.

Gemeente De gemeente bestiet hjoed-de-dei njonken de stedskearn út noch 14 dielgemeenten. Ek it buorskip Kortenbos makket sûnt 1977 diel út fan 'e stêd Sint-Truiden. Yn Sint-Truiden lizze fierder ek de buorskippen Bevingen en Melveren, dy't noch net mei de stedskearn fergroeid binne. Wol mei de stedskearn fergroeid binne Schurhoven, Guvelingen en Zerkingen.

Dielgemeenten # Namme Oerfak(km²) Ynwennertal(2025) 1 Sint-Truiden 41,51 24.885 2 Halmaal 1,68 407 3 Wilderen 2,47 1.420 4 Duras 2,83 398 5 Gorsem 2,30 402 6 Runkelen 1,78 394 7 Zepperen 12,25 3.667 8 Ordingen 1,73 958 9 Brustem 9,08 2.771 10 Groot-Gelmen 4,88 648 11 Engelmanshoven 0,41 441 12 Gelinden 7,08 1.486 13 Aalst 4,17 768 14 Kerkom-bij-Sint-Truiden 4,62 607 15 Velm 10,33 2.486

Demografyske ûntwikkeling De histoaryske gegevens binne op basis fan 'e hjoeddeiske gemeente, ynklusyf de dielgemeenten, lykas dy ûntstie nei de fúzje fan 1 jannewaris 1977.

+ Befolkingsûntwikkeling fan Sint-Truiden (1831–2026) Jier 1831 1846 1856 1866 1880 1890 1900 Ynwennertal 14.310 17.861 17.842 17.557 19.711 21.427 23.240 Groei — +24,8% -0,1% -1,6% +12,3% +8,7% +8,5% Jier 1910 1920 1930 1947 1961 1970 1981 Ynwennertal 25.384 25.374 27.072 30.726 33.399 35.728 36.374 Groei +9,2% 0,0% +6,7% +13,5% +8,7% +7,0% +1,8% Jier 1990 2000 2010 2020 2026 Ynwennertal 37.027 37.147 39.309 40.672 41.987 Groei +1,8% +0,3% +5,8% +3,5% +3,2%

Kultuer Sint-Truiden hat in ryk histoarysk erfgoed en telt twa plakken dy't op 'e UNESCO-Wrâlderfgoedlist steane: it belfort oan 'e Grutte Merk, as ûnderdiel fan 'e Belforten yn België en Frankryk, en it Sint-Agnesbegynhôf, dat heart ta de Begynhoven yn Flaanderen.

Stedhûs en belfort It Belfort fan Sint-Truiden wie oarspronklik in part fan 'e âlde lekkenhal. It ûnderste diel datearret út 'e 13e iuw; de rest waard yn 1608 boud. Yn 'e 18e iuw waard der in nij stedhûs omhinne boud. It belfort waard yn 2005 opnommen yn 'e UNESCO-list.

Begynhôf thumb|left|Begynhôftsjerke. It Sint-Agnesbegynhôf waard yn 1258 stifte bûten de stedsmuorren. It bestiet út in tsjerke, wenten en in eardere ynfirmery om in sintraal plein hinne. Yn syn bloeitiid wennen der mear as 200 beginen. Hjoed-de-dei wurdt de Begynhôftsjerke brûkt foar útstallings en konserten.

Abdij fan Sint-Trudo Fan 'e yn 756 stifte Abdij fan Sint-Truiden binne ûnder oare de romaanske krypt en abdijtoer út 'e 11e iuw bewarre bleaun. Ek it barokke poartegebou, de Keizersseal en de Akademyseal binne wichtige ûnderdielen fan it kompleks. Nei in grutte brân yn 1975 waard de abdij yngreven renovearre. Hjoed-de-dei kinne besikers de abdij besjen.

Grutte Merk De Grutte Merk foarmet it histoaryske hert fan 'e stêd en wurdt brûkt foar eveneminten en merken. Hoewol't eartiids wol sein waard dat de Grutte Merk it op ien nei grutste merkplein fan België wie, die letter ûndersyk bliken dat dat net kloppet.

Tsjerken Sint-Truiden hat in opfallend grut tal histoaryske tsjerken, ûnder oare:

de Us-Leaffroutsjerke oan 'e Grutte Merk mei har hege neogoatyske toer; de romaanske Sint-Gangulfustsjerke; de Sint-Piterstsjerke yn Zerkingen; de barokke Minderbruorretsjerke en de Kapusinerstsjerke; en de Basilyk fan Us-Leaffrou fan Kortenbos, in wichtich foarbyld fan barokarsjitektuer yn 'e Súdlike Nederlannen.

Troch de kombinaasje fan romaanske, goatyske, barokke en moderne tsjerkebou jildt Sint-Truiden as ien fan 'e wichtichste erfgoedstêden fan Belgysk Limburch. Musea Museum de Mindere (Fransiskusmuseum) Skatkeamer Us-Leaffrouwetsjerke Ferstraetsstudio (planetarium en in unyk astronomysk oerwurk). Histoarysk Sintrum Loftmachtbasis Brustem Museum Winter 1944

Kategory:Plak yn Limburch (Belgje) Kategory:Gemeente yn Limburch (Belgje)