It Tekselsk of Tesselsk (Tekselsk: Tessels) is it Hollânske dialekt dat fan âlds sprutsen wurdt op it ta de provinsje Noard-Hollân hearrende Waadeilân Teksel. It is nau besibbe oan it Wieringsk en it Inkhústersk, en teffens oan it útstoarne Flylânsk, dêr't it de Eilânwestfryske dialektgroep mei foarmet binnen de gruttere kloft fan 'e Westfryske dialekten, dy't wer ûnderdiel útmeitsje fan it Hollânsk. It Tekselsk is yn in protte opsichten in konservatyf dialekt dat foar in bûtensteander (sprekkers fan it "gewoane" Westfrysk ynbegrepen) net altyd maklik te ferstean is.
Skiednis en taalgebrûk Teksel, dat yn it dialekt wol koezjend 't Goue Boltje neamd wurdt, is fan oarsprong in Westfrysk eilân, wêrfan't de befolking oant yn 'e Midsiuwen Frysktalich wie. Nei't it om 1300 hinne ûnder Hollânsk bewâld kaam, rekke it wierskynlik yn 'e fjirtjinde of iere fyftjinde iuw ûntfryske. Yn elts gefal waard der tsjin 1600 op Teksel it tsjintwurdige Hollânske dialekt sprutsen. Dialektkenner Marcel Plaatsman pleatste yn 2021 yn syn 784 bledsiden tellende boek Taal over Zee fraachtekens by de ûnderstelde ynfloed fan it Aldfryske substraat op it tsjintwurdige dialekt., Het Tessels is misschien wel minder Fries dan gedacht, yn: de Ljouwerter Krante, 18 desimber 2021, s. 25.
De earste dy't it Tekselsk as skriuwtaal brûkte, wie de auteur en ûnderwizer Dirk Dekker (1822-1903), dy't û.m. koarte ferhalen yn syn memmetaal skreau. Yn 1951 kaam it earste wurdboek fan it dialekt út, mei as titel Het Tessels, dat gearstald wie troch S. Keyser, mar dat tsjintwurdich allinnich mar mear antykwarysk te besetten is. Gelein Jansen stalde yn 1993 in nij wurdboek gear, it Tessels Woordenboek, dat de foarm Nederlânsk-Tekselsk krige. Yn syn foarwurd sei Jansen dat dat in bewuste kar wie om't Het Tessels, fan Keiser, Tekselsk-Nederlânsk wie, en "d'r 'n berreg mèènse op Tessel weune, die gien diejelekt meer prate en d'r toch nuwskierig na benne." Underwilens hat Jansen syn wurdboek trouwens yn 2006 in twadde diel krigen, it Woordenboek Tessels-Nederlands, dat, sa't de titel al blike lit, in Tekselsk-Nederlânske opbou hat. Foar sa'n goede fêstlizzing op leksikografysk mêd oer stiet in tige breklike dokumintaasje op grammatikaal mêd; in wiidweidige stúdzje nei de grammatika fan it Tekselsk is noch net dien.
De lêste jierren mei it Tekselsk him wer ferhûgje yn in groeiende belangstelling. Troch de publikaasje fan 'e beide nijste wurdboeken doare de lju it no better oan om stikjes yn it eigen dialekt te skriuwen. Mei't de stavering no fêstlein is, jout soks ek minder muoite, om't men no net hieltyd sels mear hoecht út te dokterjen hoe't in wurd stavere wurde moat. Sadwaande wurdt it Tekselsk yn oanwinnende mjitte brûkt yn ferieningsbledsjes, pleatslike kranten, advertinsjes en op útnûgings. Yn 2001 waard sels mei grut súkses in dialektdiktee organisearre, mei sinnen as De lampies lèègge in 't sontje onder 'n tuunwòòltje ("De lamkes lizze yn it sintsje tsjin in lânôffreding oan") en Foor koppiestiêd hèèw ik nag 'n paar boeskippe deen ("Foar kofjetiid haw ik noch in pear boadskippen dien").
Status It Tekselsk genietet noch op Teksel, noch yn Noard-Hollân ienige offisjele status of erkenning. Yn it basisûnderwiis op it eilân wurdt der likemin oandacht oan it dialekt bestege.
Sprekkers Der besteane gjin sekuere sifers oangeande it tal sprekkers fan it Tekselsk, mar yn 2004 soene der neffens in skatting mooglik noch sa'n 1.200 sprekkers west hawwe, wat doe likernôch delkaam op 10% fan 'e eilânbefolking, mar wat dêr no ûnder sit, mei't Teksel yn 2014 goed 13.600 ynwenners hie. Boppedat moat it sprekkertal yn tsien jier ek fierder tebek rûn wêze, mei't de measte sprekkers ta de âlderein hearre.
Oant yn 'e jierren fyftich fan 'e tweintichste iuw wie it Tekselsk de algemiene omgongstaal op it eilân, mar neitiid rekke it sterk yn it neigean. Dy weromgong begûn yn it grutte doarp De Burch en it toeristyske De Kooch, en fersprate him dêrwei oer de rest fan Teksel. Al yn 'e jierren santich wie it sa dat de jongerein út De Burch de klasgenoaten út oare doarpen net mear neikomme koe as dy't yn dialekt praten. Tsjintwurdich wurdt yn De Burch en De Kooch gjin of frijwol gjin Tekselsk mear sprutsen, en is it dialekt beheind ta de saneamde "bûtendoarpen" Easterein (Tekselsk: Strend), De Hoarn (De Hoore), Aldeskyld (Skil) en De Cocksdoarp (Durrep), en útbuorrens as East (Óóst). Dêr wurdt it ek noch wol troch de jongerein sprutsen, mar lang net sa algemien as dat foarhinne it gefal wie.
Al mei al ferwurdt it Tekselsk hieltyd mear ta in soarte fan kurioazum, dat foar in protte eilanners allike frjemd klinkt as foar de ûnwittende toerist. Yn it boek Taal van de Wadden, fan taalkundigen Mathilde Jansen en Marc van Oostendorp, wurdt in Tekselster sitearre, dy't dêroer seit: "Je zit af en toe Texels te praten en dan dik je dat eigenlijk heel bewust aan. Maar het is natuurlijk niet meer je zuivere identiteit. Het is vooral een herinneringstaal.", en , Taal van de Wadden, De Haach, 2004, s. 82.
Taaleigenskippen Besibskip It Tekselsk is in Westfrysk dialekt dat benammen in protte oerienkomsten hat mei it Inkhústersk en it Wieringsk. Dat lêste dialekt wurdt sprutsen op it eardere eilân Wieringen, oan 'e Noardhollânske útein fan 'e Ofslútdyk, wylst de havenstêd Inkhuzen foarhinne folle mear op 'e see oriïntearre wie as op it efterlân. Mei-inoar foarmje dizze dialekten it saneamde Eilânwestfrysk, dat wat ôfwykt fan it mear nei it Standertnederlânsk ta oerhingjende Lânwestfrysk út 'e Kop fan Noard-Hollân. Ek it útstoarne Flylânsk hearde ta de Eilânwestfryske dialekten.
Klanklear Fokalen Njonken klanken dy't it Standertnederlânsk ek hat, omfiemet it klanksysteem fan it Tekselsk ek lûden dy't yn it Nederlânsk inkeld yn lienwurden foarkomme of dy't dêr alhiel yn ûntbrekke. De measten fan dy lûden komme lykwols yn it Frysk algemien foar, sa't it gefal is mei it koarte lûd [ɔ] (o fan "hok", stavere as ò); de lange lûden [ɛ:] (ê fan "bêd", stavere as èè) en [ɔ:] (ô fan "nôt", stavere as òò); en de twalûden [ɪ.ǝ] (ea fan "beam", stavere as éé), [i.ǝ] (ie fan "wiet", stavere as iê) en [o.ǝ] (oa fan "boat", stavere as óó). Dy lêste trije klanken komme yn it Nederlânsk trouwens ek wol foar, mar inkeld as in ûnbewuste fariant fan 'e [e:] (ee fan "reek"), [i] (i fan "bite") of [o:] (oo fan "rook") as dy foar in r reälisearre wurde, lykas yn beer, bier of boor. Mar yn it Tekselsk komme se ek los fan 'e r foar en is dizze útspraak betsjuttingsûnderskiedend, lykas yn skepe (['ske:pǝ], "skippen") en skéépe (['skɪ.ǝpǝ], "skiep", mt.); sien ([sin], "syn") en siên ([si.ǝn], "sjen"); en hoop ([ho:p], "hoop") en hóóp ([ho.ǝp], "heap").
De [e:] (ee fan "reek"), dy't stavere wurdt as ee, hat yn it Tekselsk in útspraak wêrby't er op 'e ein dúdlik nei de i niget, en sadwaande suver in twaklank wurdt. De [ɔ] (o fan "hok"), stavere as ò, komt yn it dialekt frij algemien foar, mar kin net foar de k, ng of g stean; yn sokke posysjes is it altyd in [o] (o fan "bok"). As in lûd folge wurdt troch in -n- mei noch in oar bylûd derefteroan, dan fynt der faak nasalisearring plak, lykas yn wurden as kunst ([kœ̃:st], "keunst"), mens ([mɛ̃:s], "minske") en lònd ([lɔ̃t], "lân").
Fierders binne der dan noch in pear typysk Tekselske twaklanken. Sa wurdt de [ɔ.ṷ] (stavere as ou) ûnderskaat fan 'e [a.ṷ] (stavere as aauw). Dit ûnderskie bestie foarhinne ek yn it Frysk ("gau" en "grou"), mar is hjir no beheind ta beskate kriten en generaasjes. Ek bestiet yn it Tekselsk de [ɪ.ṷ], stavere as ééuw, in klank dy't net útsprutsen wurdt mei de [e:], lykas as it Nederlânske eeuw, mar mei in lange [ɪ] (i fan "pit"). Ta einbeslút hat it Tekselsk dan noch de twaklank [œ.ṷ], stavere as uw. Dy wurdt net lykas yn it Nederlânsk útsprutsen mei in ú folge troch in û, mar mei de u fan "put" folge troch in û.
Yn 'e klanklear komt sa mei-iens it foarnaamste ferskil tusken it Tekselsk en it Lânwestfrysk nei foarren ta: typysk Westfryske klanken as de "ai" en de "oi", fan kaike of koike ("sjen", Ned.: kijken) ûntbrekke yn it eilândialekt. De reden dêrfoar is dat sokke wurden yn it Tekselsk de oarspronklike i-klank beholden is (kieke). Krektsa is hat it Tekselsk noch huus ("hûs"), dêr't men yn it Lânwestfrysk fan in huis sprekt.
Klankynventaris (allinnich fokalen) De stavering dy't hjirûnder oanholden wurdt, is dy út 'e Tekselske wurdboeken fan Gelein Jansen. koarte lûden Tekselske stavering IPA foarbylden omskriuwing a [a]nag ("noch") de koarte a fan "kap" e [ɛ]tjerk ("tjirk") de koarte e fan "lek" e / i [ǝ]de ("de"), it ("it") de sjwa of stomme e fan "gewoan" i [ɪ]ring ("ring") de koarte i fan "pit" ie [i]gien ("gjin") de koarte i fan "bite" ò [ɔ]wòt ("wat") de koarte o fan "hok" o [o]ok ("ek") de koarte o fan "bok" oe [u]boet ("skieppehok") de koarte û fan "rûch" u [œ]sullie ("sy", 3de pers. mt.) de koarte u fan "put" uu [y]huus ("hûs") de koarte ú fan "tút" lange lûden Tekselske stavering IPA foarbylden omskriuwing aa / a [a:]gaan ("gean"), fare ("farre") de lange a fan "baas" ê [ɛ:]bèèd ("bêd") de lange ê fan "rêst" ee / e [e:]hee ("hy"), skepe ("skippen") de lange e fan "feest" eu [ø:]feugel ("fûgel") de eu fan "deun" òò [ɔ:]altòòs ("altyd") de lange ô fan "nôt" oo / o [o:]hoop ("hoop"), hope ("hoopje") de lange o fan "rook" twalûden Tekselske stavering IPA foarbylden omskriuwing aauw [a.ṷ]lieuwerdelaauw ("neatnut") de au fan "gau" éé [ɪ.ǝ]skéépe ("skiep", mt.) de ea fan "beam"; bestiet yn it Tekselsk inkeld foàr in r ééuw [ɪ.ṷ]skrééuwe ("skreauwe") de i fan "pit", mar in bytsje langer oanholden, folge troch de û fan "rûch"; liket sterk op 'e Nederlânske eeuw fan meeuw, mar dan mei de ee "suniger" útsprutsen ei [ɛ.i̭]ik hei ("ik haw") de ei fan "bij" of it Wâldfryske "dei" ieuw [i.ṷ]lieuwerik ("ljurk") de ieu fan "ieu" of "Sieu" (stavering foar 2015) iê [i.ǝ]siên ("sjen") de ie fan "wiet"; yn âldere staveringen faak skreaun as "ië" en ek wol as iê oai [o:i̭]kroai ("krie") de oai fan "moai" oei [ui̭]goeie ("goede") de oei fan "groei" óó [o.ǝ]lóópe ("rinne") de oa fan "boat" ou [ɔ.ṷ]oud ("âld") de ou fan "grou" (net deselde klank as de au fan "gau") ui [ʌi̭] fluite ("fluitsje") de ui fan "bui"; komt yn it Tekselsk hast allinne mar foar yn (resinte) lienwurden uw [œ.ṷ]nuw ("nij") de u fan "put" folge troch de û fan "rûch"
Konsonanten Yn it Tekselsk komme de bylûden [v] (v), [x] (ch) en [z] (z), lykas yn 'e measte Noardnederlânske dialekten, mar selden oan it begjin fan wurden foar. Dochs is dit net in algemiene regel; sa seit men op Teksel fan vles ("flesse") ynstee fan fles, lykas yn it Nederlânsk. De g wurdt altyd útsprutsen as [ɣ] (lykas yn "bûge") of as [x] (ch lykas yn berch); de hurde [ɡ] (lykas yn "goed") komt net foar. De r wurdt lykas yn it Frysk foar op 'e tonge útsprutsen ([r]), en lykas yn it Frysk wurde yn it Tekselsk de [ɹ] (Goaiske r) en de [ʀ] (breikjende r) as in spraakgebrek beskôge.
Fierders is yn it Tekselsk de begjinklank [sk] (lykas yn "skom") beholden bleaun, krekt as yn it Amelânsk en it eardere Flylânsk, dat ek Hollânske dialekten binne, wylst dizze klank frjemd genôch yn 'e Fryske dialekten fan 'e eilannen Skylge en Skiermûntseach feroare is yn in Hollânske [sx] (sch, lykas yn school). In oare begjinklank dy't yn it Tekselsk in protte foarkomt, mar yn it Standertnederlânsk fierhinne ûntbrekt, is de [c] (tj fan "tjems"). Dizze konsonantekluster is yn it eilândialekt fierhinne ekwifalint oan 'e [ʧ] (tsj fan "tsjerke") yn it Frysk. Lykwols besteane der ek wurden mei tj- dy't yn it Frysk net foarkomme, lykas tjoutere ("mei muoite prate"), tjoert ("skieppestront") en tjoempe ("yn it wetter batse", ek fig. "in soad ite").
Wurdskat