thumb|300px|Heksehoeve It Heksemuseum 'De Heksehoeve' is in museum yn Appelskea. It museum is allinnich yn de simmerfakânsje iepen.
By de oplieding fan ien jier ta heks heart in DVD mei 13 lessen. De lessen besteane ûnder oare út: Libje as in heks De magyske sirkel Kleuremagy Spreuken en rituelen Runen Krûden De sjakras Wichelroede/beammen fiele Stienemagy en pindelje Algemy en ynwijing
Fierders binne der fjouwer wykein-seminars op de Heksenhoeve mei in fiering foar elk seizoen. By it museum is ek in heksewinkel.
Foar safier bekend is it de ienige heksenoplieding yn Nederlân. Heks Margarita fan Rongen fersoarget de oplieding. Yn septimber 2005 kaam dizze oplieding yn it nijs omdat de Belestingtsjinst de kosten foar de ienjierrige oplieding ôflûkber achtet. It hat lieden ta Keamerfragen. Sjoch ek List fan Fryske musea
Kategory:Museum yn Fryslân Kategory:Appelskea Kategory:Organisaasje mei ûnbekend jier fan oprjochting Kategory:Organisaasje oprjochte yn de 20e iuw Kategory:Heks