It Fytsmuseum fan Batavus stiet op it bedriuwsterrein yn It Hearrenfean.
It waard yn 2004 iepene by gelegenheid fan it 100-jierrich bestean fan Batavus. It jout in oersjoch troch de jierren hinne. De samling bestiet út mear as 150 fytsen fan oarsprong oant no. Sa binne der hege fytsen, houten fytsen en rinfytsen. Fierders produkten dy't mei fytsen anneks binne as (piteroalje)lampen en fytspompen. Sjoch ek List fan Fryske musea
Kategory:Museum yn Fryslân Kategory:Organisaasje op It Hearrenfean Kategory:Organisaasje oprjochte yn 2004 Kategory:Bouwurk út 2004 Kategory:Bouwurk op It Hearrenfean Kategory:Bouwurk yn It Hearrenfean (gemeente)