De Bodenseekreis is in lânkring yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring waard yn 1973 oprjochte en leit oan 'e Bodensee.
Stêden en gemeenten thumb|left|Kaart lânkring neffens gemeenteyndieling. {| !align=left width=50%|Stêden |- valign=top || Friedrichshafen Markdorf Meersburg || Tettnang Überlingen
!align=left width=50%|Gemeenten |- valign=top || Bermatingen Daisendorf Deggenhausertal Eriskirch Frickingen Hagnau am Bodensee Heiligenberg Immenstaad am Bodensee Kressbronn am Bodensee Langenargen || Meckenbeuren Neukirch Oberteuringen Owingen Salem Sipplingen Stetten (Bodenseekreis) Uhldingen-Mühlhofen
Friedrichshaven en Überlingen binne Große Kreisstädte.
Gearwurkingsferbannen Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:
Gemeindeverwaltungsverbände (GVV). Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).
Gemeindeverwaltungsverbände yn 'e lânkring binne: GVV Eriskirch-Kressbronn a. B.-Langenargen mei de sit yn Langenargen-Oberdorf; oansletten gemeenten binne: Eriskirch, Kressbronn am Bodensee en Langenargen. GVV Markdorf mei de sit yn Markdorf; oansletten gemeenten binne: de stêd Markdorf en de gemeenten Bermatingen, Deggenhausertal en Oberteuringen. GVV Meersburg mei de sit yn Meersburg; oansletten gemeenten binne: de stêd Meersburg en de gemeenten Daisendorf, Hagnau am Bodensee, Stetten en Uhldingen-Mühlhofen. GVV Salem mei de sit yn Salem; oansletten gemeenten binne: Frickingen, Heiligenberg en Salem.
Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften yn 'e lânkring binne: VVG fan 'e stêd Friedrichshafen mei de gemeente Immenstaad am Bodensee. VVG fan 'e stêd Tettnang mei de gemeente Neukirch. VVG fan 'e stêd Überlingen mei de gemeenten Owingen und Sipplingen.
In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.Dútske wikipedy oer Gemeindeverwaltungsverband, ferzje 27 maaie 2024.
De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.Dútske wikipedy oer Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaft, ferzje 27 maaie 2024.
Kategory:Distrikt yn Baden-Wuertemberch Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1973