thumb|right|Isambard Kingdom Brunel(by de ankerkeatling fan de SS Great Eastern) Isambard Kingdom Brunel (Portsmouth, 9 april 1806 - Londen, 15 septimber 1859) wie in ferneamd Britsk yngenieur. Hy wie in soan fan de ek ferneamde yngenieur Marc Isambard Brunel.

Brunel boude wichtige brêgen, tunnels, skipsdokken en ek it earste Britske spoar, de Great Western Railway; fierders in rige stoomskippen, dêr't it earste transatlantyske stoomskip troch in skroef oandreaun ûnder wie, de SS Great Britain. Syn ûntwerpen betsjutten in revolúsje yn it iepenbier ferfier en yn moderne bou.

Hoewol't Brunel syn projekten net altyd slaggen, kaam er wol faak mei fernijende oplossingen foar al lang besteande technyske problemen.

It wurk dat Brunel neilitten hat wurdt noch altyd tige bewûndere. By de ferkiezing fan de 'Grutste Brit fan alle tiden' yn 2002 einige er op it twadde plak, nei Winston Churchill, mar foar lju as William Shakespeare en Isaac Newton.

Wurk In kar út syn ferneamdste wurk: 1838 it houten pasazjiers-stoomskip (rêdboat) Great Western (farde tusken Bristol en New York) 1845 it izeren stoomskip mei skroefoandriuwing SS Great Britain 1854 it izeren stoomskip (rêdboat) Great Eastern 1859 de Royal Albert Bridge, Plymouth 1864 de Clifton Suspension Bridge, Bristol

Keppeling om utens Brunel 200 (webside foar Brunel syn de 200e jierdei yn 2006)

Kategory:Ingelsk yngenieur Kategory:Ingelsk útfiner Kategory:Ingelsk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1806 Kategory:Persoan stoarn yn 1859