Margot Boer (Woubrugge, 7 augustus 1985) in earder Nederlânsk Reedrydster. Se is spesjalisearre yn de sprintôfstannen en rydt foar Team Liga. Earder hat se shorttrackt en tennisse. Oan it shorttrack hat se har goede bochtetechnyk oerhâlden.

Biografy Seizoen 2006-2007 Boer makke har trochbrek yn it seizoen 2006/2007 diel út fan it KNSB Opliedingsteam. Oan it begjin fan it seizoen wurdt Boer Nederlânsk kampioene op de 500 meter en fiifde op de 1000 meter. Hjortroch pleatste se har foar de wrâldbekerwedstriden op beide ôfstannen. Op it NK Sprint wward se yn begjin 2007 3e efter Marianne Timmer en Annette Gerritsen. Mei harren en Ireen Wüst mei se dêrtroch meidwaan oan it WK Sprint yn Hamar, dêr't se 6e wurdt.

Seizoen 2007-2008 Fan dit seizoen ôf komt Boer út foar de DSB ploech ûnder lieding fan coach Jac Orie. Yn it earste rydwykein leit se beslach op it 2e plak op de 500 meter, efter teamgenoatsje Annette Gerritsen. Op de 1000 meter falt Boer lykwols en wurdt se dus lêste. Dit is in grutte teloarstelling foar har, omt se har pleatse woe foar de kommende wrâldbekerwedstriden en dwaande wie mei in tige goede race. Op har lêste ôfstân, de 1500 meter, wurdt Boer 14e yn in tiid fan 2.02,61, rom 4 sekonden efter winnaresse Paulien van Deutekom (1.58,26). Flak foar it NK sprint fan 2008 ûntstie in wûntsje yn de al sûnt de simmer opswolde ankel. In wike foar de WK sprint blykte it wûntsje ynfektearre te wêzen, wêrtroch't in medyske yngreep needsaaklik wie. Hjirtroch moat se it WK sprint misse wêrtroch't har plak ofold wurdt troch Paulien van Deutekom dy't by it EK Allround sulver pakte"Blessure kost Margot Boer deelname WK Sprint" NU.nl, 14 jannewaris 2008.

Olympyske Winterspullen 2010 Boer helle op de Olympyske Winterspullen 2010 yn Vancouver in fjirde plak op sawol de 500 meter as de 1500 meter, en in seisde plak op de 1000 meter.

Seizoen 2010-2011 Op 7 maaie 2010 makke Boer op in parsekonferinsje bekend dat se mei Annette Gerritsen en Marianne Timmer in eigen reedridersploech starte soe. Sponsors en oare riders wiene doe noch ûnbekend, mar op 23 septimber 2010 waard bekend dat koekjesfabrikant Liga de nije sponsor wurde soe. Op it earste toernoai fan it seizoen, it NK Ofstannen wûn se goud op de 500 meter en sulver op de 1000 meter; op de 1500 meter waard se mar sânde, mar pleatste har troch har beskerme steatus ek op dizze ôfstân foar de earste wrâldbekerwedstriden.

Rekords Persoanlike rekords 500 m - 37,64 (4 desimber 2009, Calgary ) 1000 m - 1.14,50 ( 6 maart 2009, Salt Lake City ) 1500 m - 1.57,66 ( 3 maart 2007, Calgary ) 3000 m - 4.35,70 ( 26 febrewaris 2005, Grins ) 5000 m - 8.12,56 ( 25 febrewaris 2006, Grins )

Resultaten jier NKOfstannen NKSprint WKSprint WKOfstannen Olympyske Spullen Wrâldbeker 2004 20e 1000m 14e 2005   8e 500m14e 1000m 35e 500m20e 1000m 2006   6e 500m11e 1000m6e<small>(4e, , 8e, 6e) 14e 100m18e 500m18e 1000m 2007   500m  5e 1000m  5e 1500m <small>(, , , ) 6e<small>(9e, 8e, 11e, 6e) 10e 500m  7e 1000m 19e 100m8e 500m12e 1000m30e 1500m 2008   500m22e 1000m<small>(, 5e, , 6e) 30e 100m13e 500m26e 1000m6e efterfolging 2009   500m  7e 1000m17e 1500m <small>(, , , ) 4e<small>(8e, , 9e, ) 6e 500m 1000m 21e 100m 500m5e 1000m 2010   500m  1000m <small>(, , , ) 4e 500m 6e 1000m 4e 1500m 500m 1000m13e 1500m 2011   500m  1000m  7e 1500m <small>(, , , ) <small>(, 8e, , 5e) 500 m 1000m 2012   500m  4e 1000m  4e 1500m <small>(, , , ) 2014 500 m

Medaljespegel Kampioenskip NK Ofstannen 2 6 0 NK Sprint 2 1 2 WK Ofstannen 0 0 1 WK Sprint 0 0 1

Kategory:Nederlânsk reedrider Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Persoan berne yn 1985