Niebüll (Noardfrysk: Naibel; Deensk: Nibøl) is in stêd yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein.

Stedsyndieling By Niebüll hearre ek de plakjes Deezbüll (Noardfrysk: Deesbel; Deensk: Dedsbøl), Deezbüll-Burg, Langstoft (Noardfrysk: Lungstuft), Uhlebüll (Noardfrysk: Ülbel; Deensk: Ullebøl), Gath (Noardfrysk: Gåås, Deensk: Gade) en Tegelwang (Deensk: Teglvang).

Skiednis Yn 'e 14e iuw wiene der op it hjoeddeiske stedsgebiet twa kerspels: Deezbüll, dêr't de út dy tiid stammende Aposteltsjerke (Apostelkirche) noch altyd fan tsjûget, en Langsumtoft. Langsumtoft waard yn 'e Twadde Sint-Marsellusfloed fan 1362 sa slim teheistere, dat it plak eefkes nei 1400 ferlitten waard. De ynwenners setten harren doe nei wenjen dêr't hjoed-de-dei de Kristustsjerke (Christuskirche) stiet. Yn it liber censualis episcopi Slewicensis dat yn 1436 yn opdracht fan 'e biskop opsteld waard, waard Nigebul (Niebüll; betsjut soksawat as "Nije Delsetting") neist Dedesbul (Deezbüll) foar it earst offisjeel neamd.

De Burchardifloed fan 1634 koste oan 50 minsken it libben. Yn 'e Tritichjierrige Kriich holden keizerlike troepen har by Deezbülleck skûl, dêr't se yn 1629 troch de Denen ferjage waarden. Yn 1643 besetten de Sweden it lân. Noch slimmer as de Tritichjierrige Kriich waard de befolking lykwols troffen troch de Deensk-Sweedske Kriich (1658–1660) en de oarlochshannelingen yn 1713 fan 'e Grutte Noardske Kriich. thumb|left|Kristustsjerke. Alhoewol't de befolking it nei oarloggen en mislearre rispingen ekonomysk dreech hie, waard yn 1729 de hjoeddeiske Kristustsjerke (Christuskirche) fan Niebüll boud. De tsjerke hat foar it grutste part noch it oarspronklike ynterieur. Likernôch tritich jier letter wennen der yn Niebüll 1.551 minsken ferdield oer 386 huzen.

Oant de 20e iuw hold Niebüll in doarpsk karakter, mar doe't it eilân Sylt opgong makke as toeristesintrum ûntjoech Niebüll har, mei troch it spoarstasjon, ta in regionaal sintrum. Mei't it foar auto's ferbean is oer de Hindenburgdaam te riden, moatte minsken dy't har auto meinimme wolle nei Sylt dy op stasjon Niebüll op 'e trein sette. Yn 1960 krige Niebüll stedsrjochten.

Susterstêden Płoty, Poalen Malmesbury (Wiltshire), Ingelân

Berne yn Niebüll Carl Ludwig Jessen (1833–1917), keunstskilder Reimut Jochimsen (1933–1999), ekonoom en politikus Imke Sönnichsen (* 1970), yllustrator Synje Norland (* 1982), sjongster

Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein