Stasjon Aldegea (Odg) is in earder stasjon oan it spoar fan Ljouwert nei Starum. It stasjon fan Aldegea is brûkt fan 8 novimber 1885 oant 15 maaie 1938 en fan 1 juny 1940 oant 10 maart 1941. Yn 1973 is it stasjonsgebou ôfbrutsen.
Der wienen plannen om Stasjon Aldegea te weriepenjen as der treinen fan de Friese Stoomtrein Maatschappij stopje soenen.
Trivia Yn de film 'Snuf de Hond in oorlogstijd' fan Steven de Jong komt de haadrolspiler hjir mei de stoomtrein út Rotterdam oan. Yn werklikheid waard hjirfoar stasjon Veendam brûkt, dêr't in buordsje mei "Aldegea' ophongen waard.
Aldegea Kategory:Aldegea (Súdwest-Fryslân) Kategory:Bouwurk út 1885 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1973 Kategory:Bouwurk yn Wymbritseradiel Kategory:Earder bouwurk yn Súdwest-Fryslân