Tarnobrzeg is in stêd yn it súdeasten fan Poalen. De stêd leit oan de rivier de Wisla.
Skiednis Tarnobrzeg krige op 28 maaie 1593 stedsrjochten fan kening Sigismund III Wasa. De stêd waard stifte troch de famylje Tarnowski en ûntjoech him as in religieus en strategysk sintrum, mei ûnder oaren in kleaster (1676) en it kastiel fan Dzików, dêr't kening Stanislaus Leszczyński yn 1734 besocht syn troan werom te winnen.
Eastenrykske tiid en de Republyk Tarnobrzeg By de earste Poalske Dieling (1772) kaam de stêd ûnder Eastenryksk bewâld. Yn 'e 19e iuw groeide it plak út ta in distriktstêd. Oan 'e ein fan 'e Earste Wrâldkriich, yn novimber 1918, wie de stêd it toaniel fan in boere-opstân. Under lieding fan Tomasz Dąbal en Eugeniusz Okoń waard de sosjalistyske Republyk Tarnobrzeg útroppen, der't it leger begjin 1919 in ein oan makke. thumb|left|Yn 1910 bestie 80 % fan 'e ynwenners fan Tarnobrzeg út joaden. De Twadde Wrâldkriich De Twadde Wrâldkriich betsjutte de ûndergong fan 'e grutte Joadske mienskip, dy't oan it begjin fan 'e 20e iuw noch 80% fan 'e befolking útmakke. Under de Dútske besetting waarden hja systematysk ferfolge, opsletten yn getto's en wurkkampen, en hast allegear fermoarde yn 'e ferneatigingskampen. Dêrmei kaam in ein oan 'e Joadske mienskip dy't dêr sûnt de 16e iuw bestiet hie. Yn 1944 waard de stêd nei in swiere striid befrijd troch it Reade Leger.
Swevel en moderne ûntwikkeling In grutte feroaring kaam yn 1953 mei de ûntdekking fan grutte swevelfoarrieden. Tarnobrzeg groeide hurd troch de yndustry en de iepening fan 'e Machów-myn. Doe't de swevelwinning oan 'e ein fan 'e 20e iuw net mear út koe, waard de myn sluten. It ûnbidige gat is letter folrûn mei wetter en yn 1994 feroare yn 'e hjoeddeiske Tarnobrzeg-mar (Jezioro Tarnobrzeskie).
Tusken 1975 en 1998 wie de stêd de haadstêd fan it eigen woiwodskip Tarnobrzeg, foardat it by de herfoarming fan 1999 ûnderdiel waard fan it woiwodskip Subkarpaten.
It besjen wurdich Musea It Histoarysk Museum fan 'e Stêd Tarnobrzeg ynformearret oer de rike skiednis fan 'e regio.
Bouwurken De Marije Magdalenatsjerke is in histoaryske tsjerke dy't op 'e 12e iuw weromgiet. thumb|left|Dominikaner kleaster. It Dominikaner kleaster waard yn 1676 stifte troch Jan en Zofia Tarnowski. It is ûntwurpen troch de arsjitekt Jan Michał Link. De skiednis fan it Kastiel fan Dzików giet werom op 'e 15e iuw, doe't it begûn as in wachttoer. Yn 'e 17e en 18e iuw waard it útwreide ta in residinsje. Yn 'e 19e iuw fûn der in grutte ferbouwing plak en waard it park deromhinne oanlein. Sûnt 1834 hie it kastiel in ferneamde keunstkolleksje mei wurken fan skilders út de 16e oant de 18e iuw. Ek wie der in bibleteek dy't oant 1939 in hânskreaun kopy fan it ferneamde Poalske epos Pan Tadeusz hie. Nei in grutte brân yn 1927 waard it kastiel yn 'e styl fan 'e iere barok wer opboud. It Jachtslot yn Mokrzyszów is in earder jachthûs dat hjoed-de-dei diel útmakket fan it kulturele erfgoed fan 'e stêd.
Berne yn Tarnobrzeg Jehuda Ja'ari (1900-1981), Israelysk skriuwer Mariusz Kukiełka (*1976), fuotballer Max Beer (1864-1943), publisist en histoarikus
Kategory:Plak yn Poalen Kategory:Plak yn woiwodskip Subkarpaten Kategory:Plak stifte yn 1593