thumb|right|300px|Napoleon III as finzene yn petear mei Bismarck De Frânsk-Dútske Oarloch of Frânsk-Dútske Kriich (19 july 1870 - 10 maaie 1871) wie in oarloch tusken Frankryk en de Dútske steaten ûnder lieding fan Prusen. De oarloch einige yn in oerwinning foar Prusen en har bûnsmaten en resultearre yn de oprjochting fan it Dútske Keizerryk, dêr't alle Dútske steaten yn feriene waarden.
Skiednis De oarloch hie as oarsaak de machtsútwreiding fan Prusen sûnt 1864. Oant 1870 wie Frankryk de meast dominante naasje fan Jeropa. De dominante posysje fan Frankryk waard bedrige troch Prusen, dêr't kanselier Otto von Bismarck him grut makke foar feriening fan alle Dútske steaten. Dy ûntwikkeling waard troch de republikeinske opposysje yn Frankryk brûkt as oanfal tsjin de regearing fan kening Napoleon III. De direkte oanlieding wie lykwols de Spaanske troanopfolingskwestje (sjoch Emser depêche).
Op 19 july 1870 ferklearre Frankryk Prusen de oarloch. Nei ferskillende gefjochten moast Napoleon III him nei de grutte omsingelingsslach by Sedan (op 1 septimber) mei 86.000 man oerjaan. Op 27 oktober kapituleare generaal Bazaine te Mets mei 173.000 man. Yntusken wie Napoleon III op 4 septimber ôfsetten en it bestjoer fan de Nasjonale Ferdigening mei de lieding fan saken belêste. Op 28 jannewaris 1871 waard in wapenstilstân sletten en op 10 maaie de frede tekene. Frankryk ferlear de Elzas en it grutste part fan Loataringen oan Dútslân.
Kategory:Oarloch yn Jeropa Kategory:Skiednis fan Jeropa Kategory:Oarloch yn de 19e iuw Kategory:Oarloch fan Frankryk Kategory:Oarloch fan Dútslân Kategory:Oarloch fan Prusen Kategory:Oarloch fan Aldenburch Kategory:Oarloch fan Anhalt Kategory:Oarloch fan Baden Kategory:Oarloch fan Beieren Kategory:Oarloch fan Bremen Kategory:Oarloch fan Breunswyk Kategory:Oarloch fan Hamburch Kategory:Oarloch fan Hessen-Darmstadt Kategory:Oarloch fan Lippe Kategory:Oarloch fan Lübeck Kategory:Oarloch fan Meklenburch-Schwerin Kategory:Oarloch fan Meklenburch-Strelitz Kategory:Oarloch fan Saksen Kategory:Oarloch fan Schaumburg-Lippe Kategory:Oarloch fan Waldeck Kategory:Oarloch fan Wuertemberch Kategory:Militêr treffen yn 1870 Kategory:Militêr treffen yn 1871