Bendiks Walter Cazemier (Starum, 5 jannewaris 1931 - Sint-Nyk, 28 desimber 2024) wie in Fryske boargemaster.
Cazemier waard berne yn Starum, dêr't syn heit Otto Samuel Cazemier as predikant stie. Noch yn syn bertejier ferhuze de famylje nei Dalfsen, dêr't hy opgroeide.Stamboom van Jan Lucas Cazemier Hy begûn syn amtlike karriêre yn 1950 yn Zwollerkerspel en wurke dêrnei by ferskate gemeentes, hy wie ûnder mear amtner op de gemeentesekretary en haadkommys.
Hy waard boargemaster fan de gemeente Drylts (1964-1970) en fan Wymbritseradeel (1970-1984). Yn 1984 waarden by in gemeentlike weryndieling de eardere gemeentes Drylts en Wymbritseradeel gearfoege ta de gemeente Wymbritseradiel. Cazemier wie dêrnei oant 1993 boargemaster fan de nij foarme gemeente.[https://www.dekrantvantoen.nl/vw/article.do?code=LC&date=19911113&v2=true&id=LC-19911113-17002 Bendiks Cazemier kondigt aftreden als burgemeester aan], yn: Leeuwarder Courant, 13 novimber 1991, s. 17. Hy hie meardere byfunksjes en wie ûnder oare foarsitter fan de Fryske Wyldskeakommisje en sekretaris fan it sintraal bestjoer fan Talma Rustoorden., Wymbritseradiel: Cazemiers meesterwerk, yn: Ljouwerter Krante, 12 desimber 1992, s. 15 Fan 1993 - 1994 wie hy waarnimmend boargemaster op It Amelân. Hy wie lid fan de CHU en letter fan it CDA.
Cazemier ferstoar op 28 desimber 2024 yn Sint-Nyk yn 'e âldens fan 93 jier.Oud-burgemeester Bendiks Cazemier overleden. 'Een burgemeester moet zijn als een goede kop koffie: warm en sterk'Bendriks Walter Cazemier
Sjoch ek List fan boargemasters fan Drylts List fan boargemasters fan Wymbritseradiel List fan boargemasters fan It Amelân
Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:CHU-politikus Kategory:CDA-politikus Kategory:Boargemaster fan It Amelân Kategory:Boargemaster fan Drylts Kategory:Boargemaster fan Wymbritseradiel (oant 1984) Kategory:Boargemaster fan Wymbritseradiel Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk konservatyf Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk konservatyf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Sallânsk persoan Kategory:Persoan berne yn Starum Kategory:Persoan berne yn 1931