Poppe fan Mellema, oars Remmertsma, wie grytman fan East-Dongeradiel.
Soan fan Hessel Remmertsma en Bernsck Heslinga, waard, yn it plak fan syn foargonger, dy't fan de gritenij ferbeurd ferklearre waard, op 18 febrewaris 1517 troch Karel V as grytman fan East-Dongeradiel oansteld, neidat hy yn 1515 de eed fan huldiging ôflein hie. Hy boaske Eets Gaukema, dochter fan Ritske Gaukema en Geel Boetsma, en wenne op Mellemastate yn Eastrum.
Sjoch ek List fan grytmannen fan East-Dongeradiel
Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan East-Dongeradiel Kategory:Haadling Kategory:Fryske adel Kategory:Persoan berne yn Eastrum Kategory:Persoan stoarn yn Eastrum Kategory:Persoan berne yn de 15e iuw Kategory:Persoan stoarn yn de 16e iuw