Folkert Popma wie in Skylger haadling dy't himsels "hear fan Skylge" neamde.

Skiednis Hy wie in soan fan Sjoerd Popma, de earste fan it Popmalaach dêr't oer skreaun waard. De Popma's hienen it bewâld oer Skylge en bewennen in stins by Aasterein.

Yn 1389 beneamde Folkert himsels ta hear en grytman fan Skylge. Dat die er eigenhannich sûnder tuskenkomst fan in lânhear, nei alle gedachten neidat syn heit ferstoarn wie. Hy waard opfolge troch syn soan Ziwaert Popma.

Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Skylge Kategory:Haadling Kategory:Persoan berne yn Aasterein Kategory:Persoan stoarn yn Aasterein Kategory:Persoan berne yn de 14e iuw Kategory:Persoan stoarn yn de 15e iuw Kategory:Skiednis fan Skylge