It Skiermûntseagersk (Skiermûntseagersk: Schiermonnikeigers of Schiermonnikoogs, ek wol Eilanders) is it Fryske dialekt fan it ta de provinsje Fryslân hearrende Waadeilân Skiermûntseach. Dizze fariant fan it Frysk is net nau besibbe oan 'e dialekten fan it fêstelân, en likemin oan 'e oare Fryske eilândialekten, dy't op Skylge sprutsen wurde. It hat tige argayske grammatikale foarmen beholden, lykas in systeem fan grammatikale ferbûging (grammatika)ferbûgings fan eigenskipswurden, en om't it dêrtroch ynteressant is foar taalkundigen, is it ien fan 'e bêst fêstleine dialekten fan Nederlân. Lykwols wurdt it noch mar troch in lyts groepke lju sprutsen, en liket it stadichoan út te stjerren. Yn 2018 begûn in groepke taalhobbyisten op 'e fêste wâl it dialekt mei-inoar te praten.
Skiednis Skiermûntseach tanket syn hjoeddeiske namme oan 'e Sistersiënzer mûntsen, dy't fanwegen har grize pijen ek wol "skiere mûntsen" neamd waarden. De Sistersiënzers fan it kleaster Klaarkamp, by Rinsumageast, dat yn 1165 stifte wie, rekkenen yn 'e Midsiuwen nammentlik it eilân, dêr't se in úthôf hiene, ta it besit fan har kleaster. As tsjerklik goed kaam Skiermûntseach sadwaande yn 1580, doe't yn Fryslân de Reformaasje trochfierd waard, ûnder bestjoer fan 'e Steaten fan Fryslân. Dy ferkochten it yn 1640, en sa waard it eilân partikulier besit, dat iuwenlang fan 'e iene eigner op 'e oare oergie. Uteinlik kaam it yn 1893 yn eigendom fan it Dútske aadlik laach fan Bernstorff-Wehningen, mei as gefolch dat it nei de Twadde Wrâldoarloch foar fijanlik besit oanmurken en troch de Nederlânske steat konfiskearre waard. Pas doe waard it eilân in Fryske gemeente.
Underwilens hie it Skiermûntseagersk him doe ûntjûn ta in unike foarm fan it Frysk, dy't sterk ôfwykt fan 'e Fryske standerttaal. Soks kin yn it foarste plak weromfierd wurde op it feit dat it eilân iuwenlang sterk isolearre west hat, mear noch as de oare Waadeilannen, dêr't mear oan hannel, fiskerij en walfiskfeart dien waard. Dat der mar selden kontakten mei de bûtenwrâld wiene, late ta it ûntstean fan in besletten mienskip mei op taalkundich mêd sterk behâldende skaaimerken. Dêrby wie it Skiermûntseager dialekt mooglik ek al fan in min ofte mear ôfwikende oarsprong, mei't it eilân krekt op 'e skieding leit fan it Westerlauwersk Fryske en it Easterlauwersk Fryske taalgebiet. Party taalhistoarisy wolle boppedat hawwe it Skiermûntseagersk tebekgiet op 'e Earste Fryske Emigraasjeweach, dy't ek as ferklearring foar it bestean fan 'e ôfwikende eilândialekten fan it Noardfrysk oanfierd wurdt. Nei't de Grinzer Ommelannen oan 'e ein fan 'e fyftjinde iuw ûntfryske rekke wiene, hat it Skiermûntseagersk fierders in ûntsjinstriidbere, mar net bot sterke, ynfloed fan it Nedersaksyske Grinslânsk ûndergien.
Status It Skiermûntseagersk genietet op Skiermûntseach gjin offisjele status of erkenning. Ek yn 'e provinsje Fryslân beskikt it as Frysk dialekt net oer erkenning los fan 'e Fryske standerttaal, en mei't it Skiermûntseagersk frij fier fan dat Standertfrysk ôfstiet, hat de offisjele status dy't it as dialekt dêrfan yn prinsipe dielt, yn 'e praktyk net folle te betsjutten. Hoewol't men it Skiermûntseagersk ynformeel sûnder beswier as ien fan 'e streektalen fan Fryslân beskôgje kinne soe, is it mar de fraach oft dat wetlik ek ta de mooglikheden heart, yn acht nommen dat mei "streektalen" yn 'e Fryske kontekst ornaris ferwiisd wurdt nei de net-Fryske dialekten yn Fryslân. As ôfwikend dialekt fan it Frysk, mei syn offisjele status, liket it Skiermûntseagersk in bytsje tusken de wâl en it skip yn rekke te wêzen.
Hoewol't yn Fryslân sûnt 1980 ûnderwiis fan it Frysk op 'e basisskoallen ferplichte is, hat de gemeente Skiermûntseach dêr frijstelling fan, en follet de skoalle op it eilân de sa frijkommen tiid yn mei lessen "hiemkunde", oer de Skiermûntseager kultuer. Der wurdt lykwols gjin spesifyk ûnderwiis yn it Skiermûntseager dialekt fersoarge.
Taalgebrûk De wichtichste foarfjochter fan it Skiermûntseagersk wie Douwe Fokkema sr. (1890-1983), dy't him fan 'e midden fan 'e tweintichste iuw ôf o sa foar syn memmetaal ynsette. Sa skreau er yn 1960 de Beknopte Spraakkunst van het Schiermonnikoogs, en ek publisearre er yn 1968 by de Fryske Akademy de earste wurdlist fan it dialekt, de Wezzenlist fan it Schiermonnikoogs. Yn 1979 ferskynde fierders ûnder syn redaksje it Schiermonnikoger Lôzbúek, it earste lêsboek foar skoalbern yn it dialekt. Teffens wie Fokkema aktyf as oersetter, wêrby't er û.m. in grut diel fan it tsjerklik lietboek, it Evangeelje fan Mattéus, it bibelboek Ruth en ferskate oare bibelfragminten nei it Skiermûntseagersk ta oerbrocht. Yn dyselde tiid skreaune ek dichters as Lammert Wiersma, Pita Grilk en Jacob Fenenga yn it eilândialekt.
Sûnt de jierren tachtich oant it earste desennia fan 'e 21ste iuw bestie op Skiermûntseach de Taalplúech, in wurkgroep wêrfan't de leden koarte ferhalen en gedichten yn it eilândialekt skreaune. Teffens fersoarge dizze organisaasje kursussen foar oarstaligen om it dialekt yn de macht te krijen; yn 2001 wiene der sa'n tweintich minsken dy't op dy wize it dialekt learden, wylst der yn 2004 sa'n tritich dielnimmers wiene. Yn De Dorpsbode fan 15 oktober 2009 waard de lêste oprop dien ta dielnamme oan de Taalplúech, mar der wiene gjin nije leden en dermei wie it besteansrjocht fan de Taalplúech yn 2009 effektyf beëinige. It Skiermûntseagersk wurdt ek noch brûkt foar muzyk. Sa hawwe Henriëtte Pieperiet-Van Bon en Greta Hoogvliet in cd útbrocht mei lietsjes yn it dialekt, mei as titel Eilander Liêten, fan de Lytje Pole.
Yn 'e njoggentiger jierren stalde Els Perdok (de suster fan Henriëtte Pieperiet) in nije wurdlist gear, dy't úteinlik nei in jier as njoggen yn 2001 yn útwreide foarm op it eilân publisearre waard as it 400 siden tellende Woordenboek Nederlands-Schiermonnikoogs, by de Kultuerhistoaryske Feriening 't Heer en Feer. Dêryn binne ek noch nije wurden opnommen, lykas steunkar foar "rollator". Yn 2002 kaam der by de Fryske Akademy in oar Skiermûntseagersk wurdboek út, it tritichtûzen wurden tellende Eilander Wezzenbúek, gearstald troch Willem Visser en Siebren Dyk.
Sprekkers It Skiermûntseagersk is it lytste libbene dialekt fan it Westerlauwersk Frysk. Yn 2000 berjochte Omrop Fryslân as ûnderdiel fan in reportaazje dy't oan it dialekt wijd wie, dat der doe noch mar sa'n 50 sprekkers wiene. Els Perdok, de skriuwster fan it Woordenboek Nederlands-Schiermonnikoogs, kaam lykwols yn 2001 noch út op 120 sprekkers.Schiermonnikoger woordenboek af, yn: de Ljouwerter Krante, 2 april 2001. Neffens gegevens út De Bosatlas van Fryslân, fan 2009, soe doe noch 19% fan 'e eilânbefolking Skiermûntseagersk sprutsen hawwe, wat op in befolking fan 951 minsken (selde boarne) útkomt op goed 180 sprekkers.De Bosatlas van Fryslân, Grins, 2009, s. 270. De ferklearring foar it ferskil yn sprekkersoantallen moat faaks socht wurde yn 'e kritearia dy't hantearre wurde foar de tellings.
Yn alle gefallen wurdt it Skiermûntseagersk hast útslutend noch sprutsen troch de âlderein op it eilân en sadwaande nimt it sprekkerstal stadichoan ôf. It dialekt balansearret dêrmei op it rântsje fan it útstjerren. Der is op Skiermûntseach noch mar ien gesin, dat fan doarpsomropper Jelle Woudstra, dêr't de bern yn it dialekt grutbrocht wurde.Eilander moet 'fraimd schyt' durven weerstaan, yn: de Ljouwerter Krante, 5 april 2001.
Op 11 augustus 2018 ferskynde in artikel yn it Frysk Deiblêd dat omtinken skonk oan Dyami Millarson. Dy hie himsels nei syn jierdei yn 52 dagen tiid it Skiermûntseagersk eigen makke. Foar syn jierdei hied er himsels al yn in moanne tiid it Aastersk fan Skylge leard. Yn 'e mande mei Dyami Millarson setten de Hongkonger Ken Ho en de Italjaan Giovanni Pinto har yn foar it Skiermûntseagersk. Op 24 augustus 2018 ferskynde in artikel yn De Telegraaf oer it earste besyk dat Millarson mei syn freonen brocht hie oan it eilân. Dat histoaryske momint wie, neffens De Telegraaf tige emosjoneel foar de âlderein dy't de taal noch sprekke kin, want dit jout nij perspektyf foar it oerlibjen fan it Skiermûntseagersk. Om't de trije jongeren in ynternasjonaal selskip binne, wurdt de taal no brûkt foar ynternasjonale kommunikaasje, en dêrmei hat it in nije funksje foar de takomst krige. Millarson en syn maten wolle de taal fan Skiermûntseach wer cool meitsje.
Taaleigenskippen Oarstalige ynfloeden It Skiermûntseagersk hat troch de iuwen hinne in dúdlike ynfloed ûndergien fan 'e Nedersaksyske dialekten fan Grinslân, benammen fan it Hegelânsk en minder fan it Westerkertiersk. Soks is bygelyks te merken oan it faak foarkommen yn it Skiermûntseagersk fan 'e typysk Hegelânske klanken "ai" en "au". Ek de Noardgermaanske talen fan Skandinaavje hawwe yn it ferline in beskate ynfloed op it Skiermûntseagersk útoefene. Guon famyljenammen op it eilân wize ek noch op in Deensk komôf.
Grammatika It Skiermûntseagersk is in frijwat behâldende foarm fan it Frysk, en it iennichste Fryske dialekt dat noch in yngewikkeld systeem fan ferbûgings fan eigenskipswurden bewarre hat (gauris foutyf oantsjut as in namfallesysteem. Om't it dêrmei sterk op it Aldfrysk liket, bestiet der grutte wittenskiplike belangstelling foar dizze taalfariant, en dat hat wer ta gefolch hân dat it Skiermûntseagersk no ien fan 'e bêst dokumintearre dialekten fan hiel Nederlân is.
Einûntstimming In foarbyld fan 'e behâldende kwaliteiten fan dit eilândialekt is bygelyks dat it Skiermûntseagersk foarhinne stimhawwende bylûden oan 'e ein fan wurden hie, sa't it Frysk dat lang lyn ek hân hawwe moat. Dus wurden as raid ("read") en root ("rôt") hiene net deselde einklank (mei't de d oan 'e ein fan raid net ferwaard ta in t-klank, of, yn taalkundich jargon, om't der gjin einûntstimming plakfûn). Dit ferskynsel is lykwols ek yn it Skiermûntseagersk hast útstoarn en inkeld by de âldste sprekkers komt it tsjintwurdich noch foar.Jansen, Mathilde, en Oostendorp, Marc van, Taal van de Wadden, De Haach, 2004, s. 38.
Grammatikale ferbûgings fan eigenskipswurden It meast opfallende hjoeddeistige ferskil mei it Standertfrysk is it al neamde systeem fan grammatikale ferbûgings. Dat giet sa: geslachtStandertfryskSkiermûntseagersk beskate foarm ûnbeskate foarm manlik: "reade auto" de raide auto in raiden auto froulik: "reade fyts" de raid fyts in raide fyts ûnsidich: "read stopljocht" it raide stopjiet in raid stopjiet Mei oanwizende foarnamwurden wurdt it noch justjes dreger: geslachttichtebyfierôf Standertfrysk Skiermûntseagersk Standertfrysk Skiermûntseagersk manlik: "dizze reade auto" deze raide auto dy reade auto dy raide auto froulik: "dizze reade fyts" dees raid fyts dy reade fyts jò raid fyts ûnsidich: "dit reade stopljocht" dit raide stopjiet dat reade stopljocht dat raide stopjiet meartal: "dizze reade frachtweinen" deze raide frachtwooinen dy reade frachtweinen dà raide frachtwooinen
Meartalsfoarming Foar de meartalsfoarming beskikt it Skiermûntseagersk oer trije efterheaksels: -e, -s en -en. De yn it Standertfrysk net foarkommende foarm op -e is reservearre foar froulike haadwurden: beut ("boat") wurdt beute ("boaten"); kat ("kat") wurdt kôte ("katten") en blom ("blom") wurdt blome ("blommen"). Manlike en ûnsidige haadwurden krije meartallen op -s of -en: aimel – aimels ("eamel", m.); hynjer – hynjers ("hynder", û.); bieuwr – bieuwren ("boer", m.); gleis – gleizen ("glês", û.). Dochs is dit systeem net wetterticht, mei't froulike wurden dy't nei minsklike persoanen ferwize, gjin meartal op -e, mar op -s of -en krije: sekretaresse – sekretaresses ("siktaresse"), bieuwrin – bieuwrinnen ("boerinne"). En teffens binne der manlike en ûnsidige útsûnderings dy't yn it meartal in útgong op -e krije, lykas schúen – schúene ("skoech", m.) en swyn – swiine ("baarch", û.).
Ferlytsingsfoarmen