It Amelânsk (Amelânsk: Amelands) is in Hollânsk-Frysk mingdialekt dat sprutsen wurdt op it by de provinsje Fryslân hearrende Waadeilân it Amelân. It dialekt ûntstie yn 'e perioade fan 'e sechstjinde oant de achttjinde iuw út in ferminging fan Hollânske dialektfoarmen mei it Frysk dat oarspronklik op it eilân sprutsen waard, en is fral nau besibbe oan it Midslânsk fan it buoreilân Skylge. Hoewol't it Amelânsk troch it tanimmende massatoerisme op it Amelân yn beskate mjitte ûnder druk stiet fan it Standertnederlânsk, is it oan 'e oare kant it iennichste dialekt fan 'e Waadeilannen dat him oant no ta goed wit te hanthavenjen en sels noch troch it meastepart fan 'e eilânjongerein sprutsen wurdt.
Skiednis Op it Amelân waard, krekt as op 'e buoreilannen Skiermûntseach en Skylge, fan oarsprong Frysk sprutsen, mar dat is no net mear it gefal. Wêrom't no krekt op it Amelân, dat in frij eilân wie, de taal ferhollânske is en op 'e westlike en eastlike úteinen fan Skylge net, wylst dat fan 'e Midsiuwen oant 1942 by Hollân hearde en teminsten likefolle kontakten mei it Hollânske fêstelân hie as it Amelân, is net alhiel dúdlik. It is lykwols skoan mooglik dat it te krijen hat mei de wat aparte skiednis fan it Amelân.
It eilân waard yn 'e achtste iuw foar it earst neamd, as insula qua dicitur Ambla ("it eilân dat it Amelân neamd wurdt"). De ierst bekende bewenners wiene Friezen, sa't ûntsjinstriidber fêstlein is yn in Aldfrysk dokumint út 1494, wêryn't de eilanners harsels frijstelden fan it Frysk lânrjocht. Under de Frysk-Hollânske Oarloggen fan 'e fjirtjinde en fyftjinde iuw wie it Amelân fan 1398 oant 1430 yn Hollânske hannen, wêrnei't de haadling Ritske Jelmera, dy't troch de Hollanners as steedhâlder oansteld wie, alle macht nei himsels taloek en it wist op te rêden dat de machthawwers yn Hollân dêrmei ynstimden. Jelmera wie de stamheit fan it slachte Van Cammingha, dat noch oant 1681 op it eilân foar master opslaan soe.
Under it regear fan Ritske Jelmera en syn opfolgers ûntjoech it Amelân him ta in selsstannich minysteatsje, sa't der yn dy tiid yn Jeropa withoefolle wiene, dat al liket soks no miskien apart, doe wie it neat gjin nijs. De ûnôfhinklikens fan it eilân waard erkend troch Jeropeeske grutmachten as Ingelân en Spanje, en sa slagge it de Amelanners om troch it fieren fan in neutraliteitspolityk bûten ferskate grutte oarloggen te bliuwen, dêr't it buoreilân Skylge ferskillende kearen swier troch troffen waard. Hoewol't de eilânbefolking de saneamde frijhear fan it Amelân hearrigens ferskuldige wienen, bestie der fierders in grutte mjitte fan frijheid, dy't mear noch as op it Fryske fêstelân in maatskiplike ôfkear fan rang en status oprôp.
Deselde sitewaasje waard hanthavene doe't de Van Cammingha's yn 1681 yn 'e manlike line útstoaren en it eilân oergie yn 'e hannen fan it aadlike slachte Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. Yn 1704 kocht steedhâlder Jehan Willem Friso it Amelân oan foar in bedrach fan 170.000 gûne, wêrnei't it oant de Frânske Tiid priveebesit bleau fan wat letter it Nederlânske Keninklik Hûs wurde soe. As oerbliuwsel út dy tiid draacht de kening noch altyd de (no liddige) titel fan "frijhear fan it Amelân". Neffens jonker Montanus de Haan Hettema, dy't yn 1855 ûndersyk die nei de testaminten fan 'e Van Cammingha's, wie ûnder it bewâld fan dat laach op it eilân it Hollânsk der de bestjoerstaal, wat betsjut dat it Frysk op it Amelân hast in iuw earder de status fan bestjoerstaal ferlear (nammentlik yn 1398) as op it Fryske fêstelân (om 1500 hinne). Dat soe dan wer bydroegen hawwe kinne oan in hegere maatskiplike status fan it Hollânsk en in legerenien fan it Frysk.
Underwilens spilen de Amelanners fan 'e sechstjinde iuw ôf in wichtige rol yn 'e hannel op en it frachtferfier oer de Sudersee, wat derta late dat se in protte kontakten hiene mei fral Amsterdam, mar dêrnjonken ek mei oare Hollânske Suderseestêden. Fan 'e achttjinde iuw ôf meunsteren fierders in protte Amelanners oan op 'e Amsterdamske keapfardijfloat dy't op 'e East fear. Teffens wurken party Amelânske froulju yn har jonkheid in stikmannich jierren yn Amsterdam as tsjinstfammen, foar't se weromkearden nei it eilân om in húshâlding te stiftsjen. Ek dizze inige bân mei Amsterdam sil perfoarst ynfloed hân hawwe op it taalklimaat op it eilân.
Hoewol't de boarnen oer de ûntfrysking fan it Amelân tige krap binne, liket it derop dat it in proses fan in pear iuwen west hat, wêrby't it westlike diel fan it eilân (dêr't de measte seefarders wei kamen) al yn 'e sechstjinde iuw (grutdiels) oergie op it Hollânsk, wylst it easten noch in oardel oant twa iuwen oan it Frysk fêsthold en pas yn 'e achttjinde iuw fan taal feroare. It lit him tinke dat der yn sa'n lange perioade tiid genôch wie foar de oarspronklik grif njonken inoar besteande talen om har mei-inoar te fermingen. Pas yn 1801, doe't it eilân al net mear Frysktalich wie, ferlear it foargoed syn ûnôfhinklikheid en kaam it by Fryslân te hearren. Om't de Fryske identiteit, sels yn dy tiid al, sterk op it sprekken fan 'e Fryske taal stipe, hawwe de Amelanners har nea Friezen field, en har sels sterk tsjin Fryslân en it Frysk ôfset.
Fanwegen de fragmintaryske oerlevering is oer it iere Amelânsk frijwol neat bekend. De âldste boarne is it Zeemanssprookje fan Jan Hendrik Heymans, yn 'e Fryske Folksalmenak fan 1842. Hoewol't der ûnder taalkundigen al langere tiid belangstelling foar it Amelânsk bestie, is der oant de twadde helte fan 'e tweintichste iuw mar in bytsje ûndersyk nei dien. Yn 'e santiger jierren pakte de Fryske Akademy, dy't himsels sjocht as de hoeder fan alle, dus ek it net-Fryske, kultuerguod yn Fryslân, de saak op. De earste konkrete plannen foar in wurdboek fan it Amelânsk datearje fan 1974. Fan 1977 ôf waard der tsien jier lang hurd bodde om dy plannen te ferwêzentlikjen, wêrby't it measte wurk ferset waard troch Anton Oud. As resultaat fan al dat labeurjen kaam yn 1987 einlings it mânske Woa'deboek fan ut Amelands út.
De ûntjouwing fan in formele stavering, dy't oan 'e gearstalling fan it wurdboek te'n grûnslach lei, hat derta laat dat it dialekt sûnt mear as skriuwtaal brûkt wurdt. Sa is der in Amelânsktalige kollem yn 'e pleatslike krante. Ek wurdt it dialekt brûkt troch eilanner popmuzikanten, lykas de band Gang is Alles, en troch de Hollumer toanielferiening Nut en Genoegen, dy't geregeldwei in Amelânsktalich stik op 'e planken bringt en dêrmei yn it ferline ek ien kear yn 't jier ôfreizge nei Amsterdam, om dêre foar de Amelânske mienskip om utens te spyljen. Yn novimber 2016 kaam by de Fryske Akademy it Groat Amelander Woa'deboek út, dêr't taalkundige Siebren Dyk sechstjin jier oan wurke hie., "Groat Amelander Woa'deboek" is misschien wel het laatste, yn: de Ljouwerter Krante, 12 novimber 2016. De grûnslach fan dit nije wurdboek waard foarme troch it Woa'deboek fan ut Amelands fan Anton Oud, dêr't Oud sels letter noch op fuortborduere oant er yn 2006 kaam te ferstjerren. Dyk sette it wurk fuort, en it resultaat wie in op 'e nij besjoene ferzje fan it Amelânske wurdboek, dêr't teffens in Nederlânske yndeks oan taheakke is, sadat men ek fanút it Nederlânsk nei wurden sykje kin.
Hjoeddeistige taalsitewaasje Oars as de oare eilândialekten fan it Waadgebiet hat it Amelânsk in hege maatskiplike status. Dat komt fuort út it feit dat frijwol alle (autochtoane) eilanners harsels beskôgje as Amelanner ynstee fan as Fries of as Nederlanner. Yn dat ramt wurdt it Amelânsk sjoen as hearrend by de Amelânske identiteit. De âlderein is him boppedat tige by tige bewust fan 'e eigen skiednis fan it eilân as in ûnôfhinklike steat, sadat it dialekt ek in hege sosjaal-histoaryske status hat. Lykwols wurdt it praten fan Amelânsk beheind ta petearen dy't Amelanners ûnderling fiere, mei't men it yn 'e regel net foechsum fynt om it yn oare sitewaasjes (d.w.s. tsjin bûtensteanders) te brûken.
Yn kontrast mei de hege status dy't it Amelânsk op it eilân genietet, wurdt der dêrbûten faak op delsjoen om't men yn Nederlân dialekten noch gauris assosjearret mei de legere sosjale klassen en mei brekme oan ûnderwiis. Amelanners bekleie har der gauris oer dat Fryske toeristen tsjin 'e eilânbewenners Frysk prate om't se it Amelânsk as in Frysk dialekt beskôgje soene. Soks wurdt dan sjoen as bewiis foar de lytsachtsjende hâlding dy't de Friezen fan it fêstelân foar it Amelânsk en de Amelanners oer oannimme soene. It liket lykwols wierskynliker dat sokke Friezen fan betinken binne dat se har yn 'e eigen provinsje net hoege te ferbrekken; it idee dat immen dy't it Frysk as memmetaal hat, it Amelânsk foar in Frysk dialekt hâlde soe, is ommers wol tige ûnoannimlik.
Sok misbegryp liedt út en troch ta ûnplezierige ferbale konfrontaasjes. Op 'e gemeentlike webside hjit it dat "het Amelander dialect weinig overeen [komt] met het Fries. De meeste inwoners van het eiland verstaan daarom deze taal ook niet." Mei't it Amelânsk net safolle ferskilt fan it Biltsk of it Stedsk en dy taalfoarmen mei it Frysk prima ûnderling fersteanber binne, liket it hjir mear te gean om in kwestje fan wollen as fan kinnen. Dy yndruk wurdt noch fuortsterke troch de resultaten fan in enkête op it Amelân, wêrby't û.m. frege waard nei de praktyske en estetyske skaaimerken fan ûnderskate talen. As it om 'e praktyske mooglikheden fan in taal gie, setten de Amelanners it Nederlânsk boppe-oan, folge troch it Dútsk, it Amelânsk en hielendal ûnderoan it Frysk. Gie it om estetyk, dan joegen se fierwei de foarkar oan it Amelânsk, folge troch it Nederlânsk en it Dútsk, mei it Frysk hielendal ûnderoan.
It Amelânsk hat op it Amelân gjin offisjele status of erkenning. Yn 'e provinsje Fryslân genietet it al in beskate erkenning, sij it offisjeel net as minderheidstaal, mar as "streektaal". Yn dy hoedanichheid wurdt it û.m. neamd yn 'e provinsjale Noata Streektalen 2004, as in taalfoarm wêrfan't it gebrûk befoardere wurde moat. Hoewol't yn Fryslân sûnt 1980 ûnderwiis fan it Frysk op 'e basisskoallen ferplichte is, hat de gemeente It Amelân dêr frijstelling fan, en folje de skoallen op it eilân de sa frijkommen tiid yn mei lessen "hiemkunde", oer de Amelânske kultuer. Der wurdt lykwols gjin spesifyk ûnderwiis yn it Amelânske dialekt fersoarge.
Sprekkers Op it Amelân sprekt fierwei it grutste part fan 'e befolking it eigen dialekt noch. Ut in ûndersyk troch taalkundige Mathilde Jansen, dy't ferbûn is oan it Meertens Ynstitút, die yn 2002 bliken dat doe noch 62,5% fan 'e middelbere-skoalbern op it eilân it Amelânsk as memmetaal spriek. Hoewol't sy yn har taalgebrûk folle mear Nederlânske en Ingelske lienwurden bemjuksen, en wylst in beskate groep âlde dialektwurden oan it ferdwinen wie, hoegde dat neffens Jansen net needsaaklikerwize as negatyf opfet te wurden, want de iennichste taal dy't net mear feroaret, is in deade taal.
Fierders joech by itselde ûndersyk nochris 15,2% fan 'e middelbere-skoallearlingen op dat se thús in mjuks fan Amelânsk en Nederlânsk sprieken. Tsjin mei-learlingen spriek 62,1% fan bern Amelânsk en 25,8% in mjuks fan Amelânsk en Nederlânsk. Jansen late dêrút ôf dat yn totaal 87,9% fan 'e skoalbern op it eilân yn 'e deistige omgong Amelânsk brûkte. Doe't se dêrnei frege waarden, antwurde 100% fan 'e (132) learlingen dat se it Amelânsk ferstean koene, 95,2% dat se it prate koene, 76,8% dat se it lêze koene en 48,0% dat se it skriuwe koene. As men dy sifers njonken de befinings set dy't yn 1994 troch ûndersikers fan 'e Fryske Akademy oangeande de kennis fan it Frysk yn Fryslân samle waarden, dan kriget dit rychje: Frysk (1994)Amelânsk (2002)ferstean94%100%sprekke74%95,2%lêze65%76,8%skriuwe17%48,0%