Wytgaard is in doarp dat yn de gemeente Ljouwert leit. Wytgaard leit noardlik fan Reduzum, eastlik fan Weidum, súdwestlik fan Wurdum en besuden Ljouwert. Yn 2022 hie Wytgaard 585 ynwenners. De doarpskearn leit om de krúsing fan de Buorren, Púndyk en Fopma’s Reed.
Wytgaard is sûnt 1956 in selsstannich doarp, foar 1956 hearde Wytgaard as buorskip by Wurdum.
Skiednis Oan de eardere Middelseedyk, no de Bredyk, stie earder de stins Grut Oenema, dy't ek wol Camminghastate neamd waard. Mear súdlik stie Ald- of Lyts Oenemastate.
Oan de Púndyk nei Wurdum stie nei 1719 in skûltsjerke, wêrfan hynstekeapman Doeke Jans (Roorda) de earste stien lein hat. Yn 1833 liet Reinier baron fan Middachtenis hjir in koepel opsette. Dat wie de earste roomske klok nei de Reformaasje.
De monumintale Cuyperstsjerke wie fan 1872 en is yn 1966 ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou.
Sûnt 1943 leit Wytgaard yn de gemeente Ljouwert, dêrfoar lei it doarp yn Ljouwerteradiel (sudertrimdiel).
Fan buorskip nei doarp Wytgaard wie oant 1956 in roomsk buorskip fan it protestantske Wurdum. It wurdt der no fan skieden troch de A32 en it spoar fan Swol nei Ljouwert. It krige syn hjoeddeiske grinzen op 1 jannewaris 1957 nei noch wat oanpassings fan de skieding. It nije doarp hie yn 1958 621 ynwenners.
Doarpswapen Op it wapen stiet in rivierke, en tsjut it eardere haventsje oan de Middelsee oan. De earnekop komt fan de famyljewapens fan Feytsma, Jeltinga en Sytzama dy't in soad oansjen hiene. De kaam komt út de wapens fan de geslachten Cammingha en Camstra, dy't ek op states yn it doarp wennen. De spikers binne ûntliend oan it krús fan Kristus, omt yn Wytgaard in dokumintaasjesintrum foar roomsk Fryslân sit.
Jabikspaad Wytgaard leit oan de eastlike fytsrûte fan it Jabikspaad.
Mienskip Yn doarpshûs De Twirre komt ek de feriening foar Doarpsbelang gear. Ek de aktiviteitenkommisje hjit De Twirre.It doarp hat trije buertferienings: De Finne, Fopma's Reed en Meekeshof-East. De merkekommisje regelt de merke op freed en sneon fan wike 33. Basisskoalle Teake Jan Roordaskoalle stiet oan de Tjissema.
Ferienings De Middelseesjongers - shantykoar Mei Elkoar Nij Libben Wurdum/Wytgaard - keatsen Fuotbalferiening WWS Lyts Mar Krigel - toaniel Pier Thomas - iisklup VVW - follybal Oant No ta - fuotbal en darten
Tsjerke Marije-Himelfearttsjerke
Befolking 1954 - 654 1959 - 571 1964 - 557 1969 - 600 1973 - 626 2006 - 618 2019 - 575
Bekende (âld-)Wytgaarders Jan Arendz (* 26 febrewaris 1952) en Marijke Geertsma - Fryske akteurs Berber van der Geest (* 19 febrewaris 1938) - Frysk dichteresse en skriuwster Rein Jonker (* 10 septimber 1950) - Frysk hurdrider - twadde Alvestêdetocht 1986 Andries Miedema (* 19 april 1937) - Frysk dichter Syb van der Ploeg (* 15 juny 1966) - Frysk sjonger, komponist en tekstskriuwer Bauke Roolvink (1912-1979), politikus en minister Rinke Tolman (* 25 maaie 1891 - 12 maart 1983) - Frysk fjildbiolooch, skriuwer fan natuerboeken, sjoernalist en dichter Jaring Walta (Blauhûs, 12 maart 1887 - Wytgaard, 19 novimber 1971) - Frysk keunstskilder Syds Wiersma (* 21 jannewaris 1963) - Frysk dichter
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Wytgaard rint de folgjende busline:
Line 95: It Hearrenfean - Ljouwert fia De Jouwer en Jirnsum
Strjitten Arnold Cathstrjitte, Bredyk, Buorren, De Finne, Fopma's Reed, Hegedyk, It Kleaster, Lapedyk, Meekeshof, Noardein, Púndyk, Tjissema, Weidumerdyk, Weiwiskedyk.
Kategory:Doarp of stêd yn Ljouwerteradiel (Sudertrimdiel) Kategory:Doarp of stêd yn Ljouwert (gemeente)