thumb|left|100px|Wapen fan Lund Lund is it haadplak fan de gemeente Lund yn it Sweedske lânskip Skåne en de provinsje Skåne län.
Lund bestiet al fan sa. 990 ôf. Der binne 27 tsjerken en kleasters dêr't guon fan no museum binne. De grutste tsjerke, de domtsjerke, wijd oan Sint-Laurentius, waard yn 1123 oplevere.
Lund hat in universiteit mei 39.000 studintenAbout Lund University - Lund University en in ferskaat oan museums. It iepenloftmuseum Kulturen yn it âlde part fan de stêd is der ien fan.
Lund hat in protte strjitten yn Renêssânsestyl, dy't sa gewurden litten binne. thumb|250px|left|Universiteitsbibleteek
Ut de skiednis Lund is yn 1020 stifte troch Knoet de Grutte. Fan 1104 ôf wie Lund de sit fan de aartsbiskop fan hiel Skandinaavje en Finlân. Yn 1536 waard it aartsbisdom wer opheft. Lund hat yn syn skiednis in soad te lijen hân fan krigen tusken Denemark en Sweden, mar nei 1658 bleau de stêd Sweedsk. De Universiteit fan Lund waard yn 1666 stifte.
It besjen wurdich Domtsjerke Lundagård Kulturen, iepenloftmuseum Histoarysk museum Kapittelhûs Kunsthall Raadhuis St. Peters klosterkyrkan Planetarium
Lund is in studintestêd en is fral ferneamd om het festival " Karneval" dat ienris yn de fjouwer jier hâlden wurdt. Dy dei mei fergelike wurde mei de Nederlânske Befrijingsdei. Minsken út de hiele provinsje reizgje dan op Lund oan. It planetarium yn de domtsjerke is ek it besjenwurdich.
thumb|right|250px|Iepenloftmuseum Kulturen
Demografy + Untjouwing befolking Jier Ynwennertal 1570 817 1610 1 145 1650 1 535 1690 1 251 1730 1 530 1770 2 078 1810 3 100 1850 6 709 1890 15 023 1930 24 520 1950 34 039 1970 52 359 1995 71 450 2005 76 188
Berne yn Lund Kai Siegbahn (1918-2007), natuerkundige Max von Sydow (1929), akteur Martin Dahlin (1968), fuotballer Joachim Johansson (1 july 1982), tennisser Timbuktu, rapper Björn Åkesson, Trance-DJ/produsint Linus Thörnblad (1985), atleet Axwell (18 desimber 1977), House-DJ/produsint
Sport Ferienings: Fuotbal: Lunds BK en Lunds BoIS Unihockey: IBK Finn, LUGI Basketbal: LUGI, IK Eos Iishockey: Lund Giants HC Tafeltennis en Atletyk: IFK Lund Hânbal: H 43 Lund, LUGI
800px|center
Keppelings om utens Side fan de Universiteit fan Lund (Sweedsk of Ingelsk) Visit Lund Toeristyske ynformaasje oer Lund .
Kategory:Plak yn Sweden Kategory:Plak stifte yn 990