Ytsje Hettinga-Van der Heide (Sibrandahûs, 31 maaie 1946) is yn 1996 meioprjochter fan teatergroep SULT. Skriuwt ferhalen en treedt ek mei har ferhalen op. Publisearre yn ferskate literêre tydskriften en gelegenheidsbondels mei proaza en ek poëzij. Skriuwt ek teksten foar toaniel, bygelyks foar de Tryaterfoarstelling Hertejacht (1997). Yn 2009 hat Ytsje Hettinga it boek De nacht fan de stroffelstiennen fan Henk de Haan bewurke ta in iepenloftspul yn Donkerbroek.

Mei "Oessy" wûn hja yn 2002 ien fan de Rely Jorritsmaprizen.

Wurk Proaza 2007 : Lange fingers en tichte skuon : ferhalen

Toaniel 1995 : Lamme wjukken : ienakter (St.U.F.T.= Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel) 1997 : Hertejacht (foar Tryater, mei oaren) 1999 : Wachtsjend wetter (St.U.F.T.) 2003 : Wer (teatergroep Sult) 2005 : It iten is klear : ienakter 2009 : "De nacht fan de stroffelstiennen"( iepeloftspul Donkerbroek) 2012 : "Wat in feest" (teatergroep SULT) 2013 : "Neat"/ "Niets" ienakter Oersettings (toaniel) 1995 : Wis : (in wier bard ferhaal) (fan: Jeroen van den Berg) 1995 : Barkhorst : (in turbo realistysk kampingdrama yn tolve sênes) (fan: Jeroen van den Berg) 1996 : Serenade (fan: Slawomir Mrozek) 1997 : Ajaks (fan Sofokles) 1998 : Klaas&Klaske (fan: Odon von Horvath) 1999 : Om Eleonor : sênes út ‘Om Elenonor’: in bewurking fan de roman fan Virginia Woolf The Years, fan Mouna Borgesius 1999 : De stille besoarger (fan: Harold Pinter) 2000 : Net alle dieven komme ûngelegen (fan: Dario Fo) 2001 : Kyp Kwaiut (fan: Slawomir Mrozek) 2002 : Keunst (fan: Yasmina Reza) 2005 : Memmetrilogie (fan: Rob de Graaf) 2007 : Rinoseros (fan: Eugèni Ionesco) 2010 : Omke Wanja: sênes út it libben op it lân yn fjouwer bedriuwen (fan: Anton Tsjechov) 2015 : Krang (frij nei Ivannov fan Anton Tsjechov) Teatergroep SULT. 2017: Hauken en Hazzen (fan Robert van Dijk) Teatergroep SULT 2018: Een brug slaan (fan Robert van Dijk) Projekt Zout-West/ Sult.

Prizen Rely Jorritsmapriis: 2002 (ferhaal) 2013 Earste priis ferhalenwedstriid Boerederij Stifting 2013 Tredde priis ferhalenwedstriid KFFB 2016 Tredde priis ferhalenwedsriid Omrop Fryslân e.o.

Keppeling om utens Webstee SULT

Kategory:Frysk toanielakteur Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Persoan berne yn Sibrandahûs Kategory:Persoan berne yn 1946