thumb|Geart de Vries (2011) Geart de Vries (Feanwâldsterwâl, 1956) is in Frysk sjoernalist, publisist en âld-direkteur fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert.
Hy wie 27 jier programmamakker en einredakteur by Omrop Fryslân en waard begjin 2009 direkteur fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HCL); hy folge Jan Folkerts op. Op 15 maart 2021 waard er dêr opfolge troch Meindert Seffinga. De Vries is ek aktyf yn de Stichting Poëzietableaus Ljouwert. Syn útjeften Foar alles is in tiid en Trochpaden binne basearre op ynterviews mei Douwe Tamminga en Tiny Mulder.
Yn 2023 kaam Het Wonder van 2018 út, oer de oanrin nei Ljouwert-Fryslân as Kulturele Haadstêd. Hy skreau yn it jubileumboek Tryater spilet fan toanielselskip Tryater by it 60-jierrich bestean (2025) in bydrage oer de artistyk lieders fan Tryater.
Biografy Geart de Vries waard yn 1956 berne yn Feanwâldsterwâl. Hy studearre skiednis, mei as byfak Frysk. Yn 1981 kaam er yn tsjinst by Omrop Fryslân, dêr't er jierrenlang einredakteur wie fan it kulturele radioprogramma De Koperen Tún. Hy ynterviewde in grut tal Fryske skriuwers en makke reportaazjes.
Stichting Literaire Activiteiten Leeuwarden Yn 1983 rjochte er mei Michaël Zeeman de Stichting Literaire Activiteiten Leeuwarden (SLAL) op. Dizze stichting organisearre 25 jier lang aktiviteiten mei skriuwers en dichters, yn it bysûnder dy út Fryslân Yn literêr kafee De Blauwe Stoep, en letter yn Stedskouboarch De Harmonie, waarden ynterviews hâlden. Doe 't De Harmonie yn de jierren 90 in skoft ticht wie fanwegen nijbou, waard mei troch him Stichting De Wilde Vaart oprjochte dy ’t literêre 'Nachten' organisearre yn Ljouwert: Nacht van het Verdriet, Nacht van het Woord, Nacht van de Verloren Tijd en Nacht der Lusten. Op 8 oktober 1994 wie in troch de SLAL organisearre gearkomste mei skriuwer Willem Frederik Hermans, syn lêste publike ferskining. 't Hart, Kees, Kruipen in Hermans. De Groene Amsterdammer (12 desimber 2018). Rieplachte op 19 jannewaris 2026.
Oare publikaasjes De Vries publisearre yn it kulturele moanneblêd De Strikel en it literêre tydskrift Trotwaer. Ek wie er fan 2006 oant 2009 kollumnist yn it algemien-kultureel blêd de Moanne.
Publikaasjes Trochpaden, Oantinkens fan Douwe Tamminga oan syn libben wurk (1999) Poëzie op straat Foar alles is in tiid, it libbensferhaal fan Tiny Mulder (2006) Het wonder van 2018. Terugblik op Leeuwarden-Fryslân Culturele Hoofdstad van Europa, ISBN 9789464710755
Keppeling om utens Gesprek met Geart de Vries over zijn biografie van Tiny Mulder, DBNL
Kategory:Frysk programmamakker Kategory:Omrop Fryslân-wurknimmer Kategory:Frysk museumdirekteur Kategory:Frysk publisist Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Feanwâldsterwâl Kategory:Persoan berne yn 1956