thumb|A. van der Heide Albert van der Heide (Ljouwert, 7 febrewaris 1872 - De Haach, 29 july 1953), doopname Albertinus, wie in sosjalistyske dûmny en letter Twadde Keamerlid. Yn syn jeugd wie hy lid van de Fryske beweging en sette hy him yn foar de alderearmsten. Ek waard hy gehielûnthâlder. Hy studearre teology yn Leien, dêr't hy ûnder mear befreone wie mei de lettere politikus H.P. Marchant, en waard yn 1895 predikant yn it Fryske feandoarp Skerpenseel. Inkele jierren letter wist Pieter Jelles Troelstra, mei waans famylje Van der Heide befreone wie, him te winnen foar de SDAP. Sûnttiids sette hy him yn foar de propaganda fan de SDAP en foar de Nederlandsche Vereeniging tot Afschaffing van Alcoholhoudende Dranken, de 'blauwe NV'. Ek wie hy faak in flot sprekker en skriuuwer foar de 'reade' en de 'blauwe' saak.Gegevens foar it meastepart oernomd út it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland, Albert van der Heide

Van der Heide waard faak frege him kandidaat te stellen foar in ferkiesbere SDAP-funksje, mar hy keas derfoar om predikant te bliuwen yn ferskate lytse en earme gemeentes yn Fryslân. Pas yn 1925 liet hy him oerhelje, en fan dat jier oant 1937 wie hy lid fan de Twadde Keamer. Hy sette him ta wenjen yn Voorburg en sette him polityk yn foar it troch de ekonomyske krisis troffen Drinte, foar it finzeniswêzen en de drankbestriding. Hy wie sterk belutsen by de finzenen yn de Scheveningske finzenis en waard er ek regint. Yn 1936 sette hy him yn foar de falsk fan homoseksueel kontakt mei in minderjierrige beskuldige tesaurier-generaal fan it Ministearje fan Finansjen L.A. Ries, mei wa't hy befreone rekke.'Wij van het verloren ras'. Briefwikseling tusken mr L.A. Ries en mr H.J. Bouman. Eigen behear, 2009 Net allinnich foel hy de ministers fan Finansjen en Justysje dêroer oan, ek die hy de saak-Ries út de doeken yn in tsjokke brosjuere, De zaak tegen Mr. L. A. Ries, thesaurier-generaal bij het Departement van Financiën. Eenige beschouwingen en kritische opmerkingen (1936, trije printingen).

Yn 1944 ferstoar Van der Heides jongste dochter Hermien oan gefolgen fan oarlogshannelingen. Dêrtroch psychysk brutsen brocht hy syn lêste jierren troch yn de ynrjochting Ald Rozenburg yn Loosduinen.

Yn 2011 promovearre Anne-Marie de Harder op in biografy oer Albert van der Heide. Anne-Marie de Harder, Albertinus van der Heide (1872-1953). Rode dominee tussen pastoraat en parlement. Kampen, Kok, 2011

Kategory:Frysk sosjaal aktivist Kategory:Frysk teolooch Kategory:Frysk predikant Kategory:Frysk politikus Kategory:Frisiast Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Nederlânsk sosjaal aktivist Kategory:Nederlânsk teolooch Kategory:Nederlânsk predikant Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:SDAP-politikus Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1872 Kategory:Persoan stoarn yn 1953