Siebe Johannes ten Cate (Snits, 27 febrewaris 1858 – Parys, 19 desimber 1908) wie in keunstskilder.
Libben en wurk thumb|left|Siebe ten Cate yn syn atelier yn ParysFrysk Skipfeart Museum Ten Cate wie in soan fan Jan ten Cate (1828 - 1876), politikus en boargemaster fan Snits (1828-1876) en Popkje Tuymelaar Nederlânsktalige Wikipedia, Jan ten Cate. en pakesizzer fan de Snitser learloaier en boargemaster Steven Theunis ten Cate en Johanna Gerrits van Delden. De húshâlding kaam út in foaroansteand en begoedige dopersk laach dat oarspronklik út de Achterhoeke kaam. De famylje hie in iikmole, De Hoop mei fellebleaterij anneks oan de Wâldfeart.
Ten Cate studearre oan de Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten yn Amsterdam en by J.M. Schmidt Crans, mar hâlde in grut part fan syn libben ta yn it bûtenlân. Hy studearre in hoart yn Antwerpen, mar wenne en wurke fan 1880 oant 1908 yn Parys en rekke dêr beynfloede troch it yn dy tiid opkommende Ympresjonisme. Yn Parys hie er kunde oan Vincent van Gogh, Alfred Sisley, Camille Pisarro en Kees van Dongen. Yn syn ympresjonistyske keunstuterings wie hy foar Nederlânske begripen tige foarútstribjend. Siebe Ten Cate lei him ta op it skilderjen fan stedsgesichten, dy't eksposearre waarden op de jierlikske Salon d'Automne. Op reizen troch Europa (ûnder oare yn Sweden, Noarwegen en Switserlân) en Noard-Afrika [Egypte en Algerije] en de Feriene Steaten) skildere en tekene hy in soad lânskippen. Hy makke ek etsen en lito's.
Ten Cate stoar yn 1908 te Parys oan 'kongestje fan de bloedsomrin' yn de âldens fan fyftich jier. Yn 1909 waard de skilder betocht op de Salon d'Autmne mei in útstalling fan leafst 51 fan syn wurken. Lange tiid waard syn wurk fergetten yn Nederlân. Hjoed de dei wolle in soad minsken syn wurk wol hawwe en wurdt it tsjin hege pizen feild.
Wurken fan him hingje ûnder oare yn it Louvre, it Musée Carnavalet, beide yn Parys, it Frysk Skipfeart Museum en it Frans Halsmuseum yn Haarlim.
Galery
Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Achterhoeksk persoan Kategory:Persoan berne yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1858 Kategory:Persoan stoarn yn 1908