De Agnestsjerke is in tsjerkegebou yn Goutum. De tsjerke is in ryksmonumint.

Skiednis De foar de reformaasje oan de hillige Agnes wijde tsjerke waard yn de 12e iuw boud. Yn de noardlike muorre binne noch dielen fan dowestien. Yn de 15e iuw folge in ferbouwing fan it koer en de súdlike muorre yn goatyske styl.

De sealtektoer út de 15e eeuw is in oantal kearen wersteld. Yn de toer hingje twa klokken: de âldste is in klok út 1511 dy't getten waard troch Geert van Wou; de twadde klok is modern. Op de wizerplaat stiet it jiertal 1737.

Fan de famylje Cammingha binne der wapenboerden en in grêfkelder. By de restauraasje fan de tsjerke waarden noch in peaar ûnbekende sarken fûn.

Oargel It twamanualige oargel út 1864 is boud troch Van Dam. Yn 1983 restaurearre Bakker & Timmenga it ynstrumint, dat 13 registers ferdield oer haadwurk en boppewurk telt. It pedaal is oanhongen.

Ofbylden

Sjoch ek Tsjerken yn Fryslân

Keppeling om utens Orgelsite: diposysje oargel

Kategory:Goutum Kategory:Tsjerkegebou yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Ryksmonumint yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Bouwurk út de 12e iuw