Daniel de Blocq van Scheltinga (21 desimber 1621 - 27 jannewaris 1703) soan fan Livius van Scheltinga, sekretaris fan de Steaten fan Fryslân, en fan Anna de Blocq.

Nei syn stúdzje yn Frjentsjer en oare plakken, promovearre er op 26 septimber 1642 yn Angers (Frankryk) yn de rjochten. Dêrnei reizge twa jier troch Frankryk, Itaalje, Switserlân en Dútslân, wêrnei't hy op 3 desimber 1644 thús kaam. Tsien dagen letter waard er ûntfanger-generaal fan de provinsje. Omtrint twa jierren dêrnei (13 augustus 1647) waard hy ta grytman fan Skoatterlân keazen en beklaaide sûnttiid, binnen en bûten it gewest, de foarnaamste kommisjes. Ek wie er mei-kommittearre op de grutte gearkomste fan de Steaten-Generaal yn 1650. Op 19 july 1606 waard hy, ynstee fan Johannes Rhala, kurator oan Frjentsjerter Akademy. Hy die yn 1692 ôfstân fan de gritenij oan syn soan en waard op It Hearrenfean te hôf brocht.

Hy boaske op 21 septimber 1645 mei Martha, dochter fan de Riedshear Cornelis Kinnema en Romkjen Fockens (3 oktober 1629 - 7 jannewaris 1708 ), dy't him alve bern skonk.

Sjoch ek List fan grytmannen fan Skoatterlân

Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Skoatterlân Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Deputearre nei de Steaten-Generaal foar 1796 Kategory:Kurator fan de Universiteit fan Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn yn Fryslân (stjerplak ûnbekend) Kategory:Persoan berne yn 1621 Kategory:Persoan stoarn yn 1703