Martinus van Scheltinga, (Ljouwert 28 oktober 1736 - It Hearrenfean, 5 maart 1799Stamboom Kuipers), wie in Frysk politikus. Soan fan Daniël de Blocq fan Scheltinga, sekretaris fan Skoatterlân en letter boargemaster fan Drylts, en fan Aletta Catharina Lycklama à Nijeholt.

Martinus promovearre yn 1759 yn Utert yn de Rjochten. Hy waard yn 1777 grytman fan Skoatterlân. Hy wenne op It Hearrenfean, waard yn 1795 mei syn amtsgenoaten ôfsetten en ferstoar net lang dêrnei.

Soan fan Daniel de Blocq van Scheltinga en Aletta Catharina Lycklama à Nyeholt. Hy boaske Wiskje (1742-1795), dochter fan Cornelius Livius van Bouricius (1714-1757), luitenant by de kavallery, en Elske van Vierssen ( * 9 septimber 1742), dy't him 9 bern skonk.

Sjoch ek List fan grytmannen fan Skoatterlân

Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Skoatterlân Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn op It Hearrenfean Kategory:Persoan berne yn 1736 Kategory:Persoan stoarn yn 1799